- 2 - 2. Algemene beschouwingen. De hear Van den Berg seit it folgjende: 'Boarnsterhim wurdt alwer in gewoante. It is de tredde kear dat der algemiene skôgings hâlden wurde. Lykas de oare kearen wolle wy it kolleezje en de amtners tankje foar it wurk dat hja dien hawwe. Tûzen en ien dingen binne wer bard yn ús gemeente, of sille barre. De gemeente Boarnsterhim heart ta de gruttere bedriuwen yn ús gebiet. Wy binne wiis mei dat bedriuw, om't wy in wichtige ynbring hawwe yn de opset en de organisaasje dêrfan. Tûzen en ien dingen, dien foar de ynwennersDy steane sintraal yn ús bedriuw. Der binne wy foar. Dy ynwenners hawwe alwer in lange tradysje yn it kiezen foar de P.v.d.A., want de P.v.d.A. kin yn Boarnsterhim op sawat de helte fan de kiezers rekkenje. In goede gewoante, in goede kar, dy't nei wy hoopje ek no wer op ús takomt. C.D.A. en V.V.D. kinne net goed út 'e fuotten mei de mearderheidsposysje fan de P.v.d.A. yn Boarnsterhim. Hja binne it ommers yn 90% fan de gemeenten oars bewend. De P.v.d.A. Boarnsterhim wurket yn it kolleezje gear mei it C.D.A. Wa't dy situaasje serieus folget, wit ek dat der wier gearwurke wurdt. En net, sa't wy yn oare gemeenten (en it lân) winskjen (en fersuchtsjen) bliuwe: wie dy rjochtse mearderheid marris fuort. Lykwols kinne jo fer- nimme dat it C.D.A. Boarnsterhim somtiden op it omkearde hopet. Wy kinne dat wol begripe, mar wy hoopje dat hja net gelyk krije, want dat is al fierstente faak it gefal yn dit lân. It liket dat de V.V.D.dy't de léste jierren in meirinner is yn it rjochtse barren yn Nederlân, der ûndertroch gean sil. Dat hja Wiegel wer nei foaren helje, kin dêr net folie oan feroarje. Yn de ried fan Boarnsterhim rjochtet de V.V.D. him yn de opposysje foaral tsjin de P.v.d.A., faak op in tige polarisearjende wize, dy't men fan in V.V.D. net ferwachtsje soe. Krekt dêr soe in wat saakliker opstelling tige wichtich wêze, om't wy it meiinoar dwaan moatte, ek yn Boarnsterhim. De F.N.P. bringt net in protte nijs yn Boarnsterhim, is meastentiids tsjin en jout in bytsje alternativen. It is in taaipartij, dy't besiket yn dizze ried sa goed mooglik mei te dwaan. It opkommen foar de taal hat ús sympaty, mar it nasjonalisme dat út en troch nei boppe komt, net Lykas al sein is, moatte de partijen it meiinoar dwaan en dat bart oer it generaal ek wol yn Boarnsterhim. Wy pleitsje der foar dat it meiinoar tsjinjen fan de belangen fan de ynwenners fan Boarnsterhim foarop stean moat en wy roppe alle partijen op dêr oan mei te wurkjen. Twa jier Boarnsterhim hat al hiel wat oplevere. Fansels binne der saken dy't net hielendal goed gien binne mar krityk is gau levere (túch, stegers it Frysk) Soks komt gau yn 't nijs, earder as de goede saken dy't ek dien binne. De begrutting 1986 is mei in protte muoite slutend ôfsletten troch it kolleezje. De drastyske besunigingen fan it kabinet Lubbers-van Aardenne hawwe it foar Boarnsterhim net maklik makke. Dêrtroch-'i en ,-omhinne spylje saken as it sön meitsjen fan it grûnbedriuw en de grutte stiging fan de eigen gemeentlike bydrage oan de bystân, om mar wat te neamen. Netts jinsteande dat is it kolleezje der yn slagge om de stiging fan de ûnreplikguodbelesting werom te bringen fan 5% nei 3%. By it útstel yndertiid hiene wy al oanjûn dat it ús minimumbetingst wie dat de belesting net mear stige mocht as de stiging fan de kosten fan libbensûnderhâld en dat liket te slagjen. De óf rune twa jier hat de ried de stiging op 0% hâlde kind. It is net ferantwurde om dat no wer te dwaan. Bënarrmennet sjoen de takomst dêr't in protte swierrichheden yn oanpakt wurde moatte.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 5