- 3 - Swierrichheden dy't noch net oanjûn binne yn de mearjierrenrûs. Foar ús fraksje sil de neiere útwurking fan trije saken foarop stean: wurk gelegenheid, jongerein, âlderein. We komme der op werom. It liket ús alderearst sinfol in útspraak te dwaan oer de gaspriis. Wy hawwe by de drastyske stigingen yn de léste jierren hyltyd de keppeling oan de oaljeprizen ôfwiisd. Dat bliuwe wy dwaan, ek no't de oaljepriis sa sterk nei ûnderen giet. Dêrby hawwe wy hyltyd wiisd op de relaasje gaspriis- wenlêsten-kostpriis gas yn Nederlan, dêr't dan ek noch it diskriminearjende elemint fan de priis dy't de distribusjebedriuwen betelje moatte en dy dy't de grutferbrûkers betelje moatte, bestiet. Wy lizze de ried dêrom de folgjende útspraak foar: "De gemeenteried fan Boarnsterhim, yn gearkomste byinoar op 11 maart 1986 freget regear en parlemint in maksimale daling fan de gaspriis foar de konsumint te realisearjen, dêrby gau te begjinnen mei it werom draaien fan de léste priisferheging fan 1 jannewaris 1986." Wurkgelegenheid Äs fraksje hawwe wy regelmjittich oerlis mei maatskiplike organisaasjes Benammen it oerlis mei de F.N.V. Boarnsterhim is dêrby wichtich en meast tige fruchtber. It kolleezje fan B. en W. hat yntensyf oerlis mei de rekreaasjesektor It promoasjebelied dat dêrút fuort kaam is, is yn ien wurd fantastysk. Wy as fraksje stypje in fierdere útbou en fersterking. Ek jildlik, as bliken docht dat der mear nedich is as no it gefal is, want de rekreaas je soarget foar in behoarlik stik wurk yn Boarnsterhim. Dat is ek it gefal mei de lânbou. Us fraksje kin him fine yn it gearhingjende belied dat it kolleezje fiert, oangeande dizze wichtige poat fan de wurkgelegenheid yn Boarnsterhim. In rûme saakkundige frijstelling yn de hinderwetprose- duere, in behoarlike wegestruktuerdy't meastentiids gearhinget mei de ruilferkaveling en in goede oanpak fan it bouwen en de bestimming yn it bûtengebied. Ut kontakten docht it ús fraksje bliken dat by dizze sektor it oerlis mei it kolleezje fan B. en W. fersterke wurde kin. Wy tinke dêrby op syn minst oan in pear kear yn't jier mei de lânbou seis (de krite Boarn sterhim) en minstens ien kear yn 't jier mei bedriuwen yn de of late sektor, lykas U.T.D. en Frico Wergea. Dat oerlis hoecht him net te beheinen ta de direksje, ek Qndernimmingsried en bestjoer soene dêrby harren plak hawwe moatte De tredde poat yn de wurkgelegenheidssektor yn Boarnsterhim is de wen- funksje. Jo kinne sizze: de doarpen mei harren minsken en keapkrêft. It kolleezje giet ien kear yn 't jier by de doarpen lâns. De léste kear hat dat hjir en dêr ta teloarstelling laat. De doarpen wolle in ^rotte, mar:''wy sille wolris sjen;" en: *jimme kennede drege jildlike posysje; binne te min. De plannen út de doarpen en de plannen fan de gemeente moatte per doarp omsettenwurde yn prioriteiten. Prioriteiten mei in jildlike oersetting, de subsydzjemooglikheden, troch gemeente en doarp seis te dwaan ensfh. Dat trochprate mei it doarp en de gemeenteried is in per- manint prosesdat liede kin ta in opbou yn gearwurking en in earlike ferparting fan de middels oer de hiele gemeente. Jongerein. Der binne in protterekflakken mei de gemeente. De yntegraasje fan leger- en beukerûnderwiis ta ien basisskoalle is yn Boarnsterhim goed ferrûn; en dat is benammen dúdlik foar dyjingen dy't op 'e hichte binne fan de papierrompslomp dy't dêrfoar út Den Haach kaam is. In komplimint foar it kolleezje is hjir te plak. De gebouwesituaasje is dêr wêr't dat mooglik wie, oanpast. It personiel is sa goed mooglik te plak kaam en no moat der fierder wurke wurde nei in goede takomst sûnder fierdere Haachèke ferrassings. Wêr't wy oer yn sitte, is de posysje fan it fuortset ûnderwiis yn Boarnsterhim. Hjir soene de Haachfeke plannen wolris de MAVO's en LHNO ombringe kinne. Wy freegje it kolleezje mei krêft it hjoeddeistige oerlis tusken Grou en

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 6