- 4 - Akkrum te fersterkjen. Seis al soe der yn earste ynstânsje in oerlevings- kâns wêze dan is it noch goed om it byinoar te bringen. It oerein hâlden fan dy foars jenning yn it gebiet fan Midden-Fryslân soe tige posityf wêze. Wy hoopje dat it kolleezje dêryn de nedige ynisjativen nimme kin. As wy der op 'e tiid by binne, kinne wy ek yn Midden-Fryslân alle bern in goede tuskenskoalle oanbiede oan't harren 16e of 17e jier. In tredde saak yn dit gehiel is it jongereinbarren buten de skoalle. Njonken de partikuliere sektor (oer it generaal bars/dancingsspilet him dat foar in grut part of by de sport en de jongereinsintra. Sawol de sport as de jongereinsintra moatte it dwaan mei frijwilligerswurk en frijwilligersstipeWy fine it fan belang dat nei de takomst ta dat soart saken personiele fersterking kriget, yn dy sin dat ek de frij- willigers werom falie kinne op in apparaat. As it trochgiet sa't it him no ûntjout moatte der jilden frij komme foar profesjonele stipe en ek foar de húsfesting. Jo sjogge hyltyd mear dat yn dizze sektor de alkohol in yndirekte saak is om fan alles te finansieren. Troch de personiele oanpak kin ek yn dat opsicht in ûnmoedigingsbelied fierd wurde. Dat hâldt net yn alles werom- en ticht draaie, mar wol goede foarljochting, werom bringen fan it tal taappunten, belemmerjende betingsten yn de fergunnings ensfh. Wy hoopje dat wy hjiryn in stikje goed belied Ontwikkelje kinne. It Projekt Minsken Sûnder Wurk wurdt no somtiden twongen in part fan dat jongereinwurk op te heinen. Us fraksje stipet dan ek de útwreiding fan it tal oeren mei twa kear fjouwer oeren yn 'e wike. De lésten 7.500,=) sille út de post 1ûnfoarsjoen1 41.000,=) dutsen wurde moatte Fierder wol ús fraksje in útstel dwaan oer it differinsearre op peil hâlden fan it skoalswimmen. Ek dat sil de reserve foar ûnfoarsjoen oan- taaste, en wol mei in bedrach fan rûn 5.000,=. In oar útstel dat ús fraksje docht giet oer de sport. It idee om de akkommodaasjes oer te dragen sprekt ús wol oan mar wy wize de foarlizzende opset fan it kolleezje of. Wy stelle út om dit jier lykas foarhinne, fierder te gean en yn gearwurking mei de sport om in oplossing te sykjen foar it ôfstjitten fan it ûnderhâld fan klaaiakkommodaasjesIt ûnderhâld dat de gemeente dan seis noch dwaan sil, sil nochris 10.000,= út de post 'ünfoarsjoenfergje. Us fraksje sil by de behanneling fan de memoarje fan antwurd wiidweidich op de útstellen werom komme. Foardat der om- tinken jûn wurdt oan de ferkiezings, wol ús fraksje út it tredde punt (âlderein) fan dizze skôgings in pear punten oanhelje. It âldereinbelied is in saak dy't yn folie omfang op ús takomt. De ge middelde leeftiid wurdt heger, minsken kinne langer genietsje fan de hjeljun. De minsken wolle dat ek, mar dan wol op harrensels, leafst yn passende wenrûmte Us fraksje hat dêroer in goed oerlis hân mei de federaasje fan âlderein- bûnen yn Boarnsterhim. In hiel stelsel fan foarsjennings sil fan 'e grûn brocht wurde moatte. Fersterking fan de gesinsoarch, wykferpleging, alarmearring foar dei- en nachthelp, minsken sykje dy't dat dwaan wolle, waarmitenfoarsjenning op in goede wize, âldereinsport ensfh. Der sil dan ek in steunpunt foar de personiele stipe fan it âldereinwurk komme moatte. Faaks kinne deselde jongereinsintra oerdei brûkt wurde foar it âldereinwurk. As dy line trochlutsen wurdt, wurdt âlderein stipet âlderein ek: jongerein stipet âlderein. Dat moat allegear barre yn it ramt fan in brede beropsmjittige stipe yn de takomst. Sa is der foar in protte minsken wurk op in sinnige en wichtige wize. Meiinoar troch it libben troch meiinoar te wurkjen. Dat bringt ús fraksje dan by it leste útstel dat jild kostje sil. Yn de memoarje fan antwurd wurdt oanjûn dat der allinnich amtlike stipe foar de emansipaasjekommisje is foar 6 gearkomsten yn 't jier. Wy fine dat te min en stelle út dêr oan te te heakjen 1 dei yn 'e wike. Dat kostet dan sa'n 10.000,= yn 't jier. Ek dit útstel komt wiidweidiger

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 7