- 5 - oan de oarder by de behanneling fan de memoarje fan antwurd. In protte saken liene harren foar in fierder útdjipping yn dizze skôgings. Bglde regio (in protte seis dwaan, fierder gau oer nei Noard), auto- matisearring (seis dwaan: in goede kar), wentebou (foar alle doarpen), muzykskoalle (goede basisfoarming)doarpsfernijing, iepenbier ferfier, yndustryterreinen, tagonklikens gemeentehûs (minsken dy't moarns net kinne moatte in telefoanyske ôfspraak meitsje kinne), grûnbedriuw, perso- niel (wurktiidferkoarting)Fryks, miljeu (gjin gif brûke), lisplakken, pjutteboartersplakken, twadde kânsûnderwiisfrede en feiligens, midden- en lytsbedriuw, fyts- en kuierpaden, ûnderhâld fan diken, tagong handikapten, glêdens bestride (in bytsje sâlt brûke), mear omtinken foar de âlderein. Dizze punten sille ek yn de kommende jierren oan de oarder komme. Dêrom in pear dingen oer de ferkiezings Oan it begjin fan dizze skôgings hawwe wy praat oer de macht en derby oanjûn dat de P.v.d.A. yn Boarnsterhim útgiet fan gearwurkjen. Gear- wurkjen hâldt yn dat ek minderheden oan bod komme. Gearwurkjen hâldt yn jin iepen stelle foar de miening fan in oar wêrtroch jins eigen miening wizige wurde kin. Dat is betiden wolris wat dreech yn dizze ried, om't minderheidspartijen der te gau fanút geane dat dizze konstruktive oanpak by ús untbrekke soe. Der binne fûnemintele ferskillen fan ynsjoch. De P.v.d.A. is foar in earlike ferparting fan wurk, ynkommen, kennis en macht. Wy wolle in klimaat fan frede, wurk en in goed en sûn miljeu. In protte fan dizze saken binne op sintraal nivo de leste jierren ôf- brutsen. Derby is in te grut part fan de lesten ôfskood op de legere leanen, de sosiale útkearings, dyjingen dy't net mear wurkje kinne en de gemeenten. Benammen de gemeenten wurde konfrontearre mei de gefolgen: tanimmende útsjochsleazensearmoede, lytse kriminaliteitferpaupering. Benammen de gemeente wurdt ekstra koarte en is dêrtroch meastentiids net bysteat om de befolking stipe te jaan yn dizze problemen. It is net terjochte dat C.D.A. en V.V.D. dizze ûntjouwingen needsaaklik neame. Hja jouwe oan: mear besunigingen, minder oerheid en mear deregulearring, mear privatisearring, mear seis dwaan, mear famylje, om't men dêrop werom falie kin. Dingen dy't we earder sjoen hawwe yn de ôfrûne desennia. De saken wurde dêrom ek net just werjûn. Noch nea is der safolle regu- learre troch in regear, konsekwint en fêsthâldend yn de rjochting fan legere ynkommens en útkearings. Konsekwint wurkjend oan in maatskiplike twaspjalt fan wurkjenden en net wurkjenden. Konsekwint wurkjend oan it koart hâlden fan de gemeenten dy't op dizze wize net bysteat binne de gefolgen oan te pakken. Wy sille wurkjen bliuwe oan it omkearde. Wy hawwe der in pear dingen fan oanjûn by it wurkgelegenheids-, âlderein- en jongereinbelied. Wy ferwachtsje dat dizze dingen in brede stipe hawwe by de befolking en geane yn grut betrouwen de ferkiezings yn'e mjitte yn de ferwachting om yn de kommende jierren wer wat opbouwe te kinnen. Eat opbouwe yn de rjochting fan in sosjale en rjochtfeardige maatskippij Mevrouw Aukes zegt hierna het volgende 'Het achter ons liggende jaar is voor onze fractie niet één van de meest prettige geweest, voor wat betreft ons functioneren in deze gemeenteraad. De sfeer en de openheid, die wij tot dan gewend waren, ontbraken te vaak. Wij hebben getracht hier een verklaring voor te vinden en kwamen tot de volgende conclusies. In veel gevallen werd serieus en goed bedoelde V.V.D.-inbreng in afdelings- en raadsvergaderingen op een niet serieuze manier terzijde geschoven, dit terwijl wij van mening zijn dat juist wederzijdse openheid en inbreng een basis is om tot een goede samenwerking te komen. En juist in deze tijden, nu de P.v.d.A. weer vol trots haar rode roos aan den volke toont, zouden wij diezelfde fractie op willen roepen, om de hand om die roos eens te openen, zodat een ieder kan zien, dat

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 8