GEMEENTE BOARNSTERHIM 18. Utstel om in ekstra kredyt beskikber te stellen foar de ynrjochting foar de nije iepenbiere basisskoalle yn Aldeboarn. Oan de gemeenterie. Grou, 7 novimber 1986. Yn it ramt fan de bou fan de nije iepenbiere basisskoalle yn Aldeboarn, hawwe wy yn ús dtstel fan 9 augustus 1985, nú. 38 al oanhelle, dat foar de ynrjochting fan de skoalle op'e nij in kredyt nedich is. Mei it each dêrop hat de direkteur fan'e skoalle foar meubilêr en fierdere ynrjochting om in ekstra kredyt frege fan meiinoar 68.903,88 (20% b.t.w. ynbegrepen) Der kin steld wurde, dat men yn'e alde skoalsituaasje beskikte oer 5 lokalen (boppebou) en yn'e bysûnder neutrale beukerskoalle oer 2 lokalen (ûnderbou), wylst der gjin mienskipsromte wie. Yn'e nije skoalle kriget men de beskikking oer 4 lokalen (boppebou), 1 lokaal (ûnderbou) en 1 mienskipsromte. Op grûn fan it bekostigingsstelsel basisûnderwiis mei yn ferbân dêrmei rekkene wurde op'e folgjende ryksfergoeding 4 lokalen (ferfangende nijbou) 4 x 3.023,— 12.092,— 1 lokaal (ferfangend beukerûnder- wiis)1 x 2.551,— 2.551,— 1 mienskipslokaal (nijbou): 1 x 24.184,— 24.184,— folslein 38.827, Wat de lokalen "ferfangende nijbou" oanbelanget, moat der rekken mei holden wurde, dat oanwêzich materiaal, dat noch brûkber is, ek yn'e nije skoalle brûkt wurde moat. It boppesteande hat foar ifs oanlieding west in petear mei it personiel fan'e skoalle te halden, benammen mei it each op'e ryksfergoedingsbedragen, dêr't heech ut op rekkene wurde kin. It petear hat laat ta de folgjende opset: le offerte wie: 66.393,92 wurdt: 32.568, 2e offerte wie: 1.835,75 wurdt: 1.235,75 folslein 68.329,67 33.798,95 Bykommende kosten: ynrjochting learmiddelenberging 900, ynrjochting toiletten 1.500, gerdinen direkteurskeamer (fitraazje, oergerdinen) 1.000,3.400, f o ls lein 3/.198,/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 142