GEMEENTE BOARNSTERHIM 19. Utstel om meiwurking op grun fan kêst 74 fan de Wet op it basisönderwiis foar de ferfanging fan f lierbedekking. Oan de gemeenterie. Grou, 7 novimber 1986. Troch it bestjoer fan de feriening foar "Protestants Christelijk Basisonderwijs" te Warten is in fersyk ynstjinne, rjochte oan jimme ried, om meiwurking neffens kêst 74 fan de Wet op it baisûnderwiis (WBU) foar de ferfanging fan de f lierbedekking yn twa besteande lokalen fan it eardere beukerskoalgebou oan de Schoolstraat 2 te Warten. Hast alle aktiviteiten, dy't ûnder de Kleuter- en leger ûnderwiiswet 1920 ta it normale ûnderhâld rekkene waarden, binne ek Qnder de WBU opnommen yn it program fan easken "preventyf ûnderhâld". De fergoeding dêrfoar wurdt rjochtstreeks trochbetelle oan de skoalbestjoeren, dy't ek eigner binne fan it gebou. In oantal saken binne lykwols buten it program fan easken "preventyf ûnderhâld" hélden. Under oaren de ferfanging fan flierbedekking Under de Kleuter- en leger önderwiiswet 1920 waard der fan utgien dat ferfanging fan flierbedekking yn begjinsel rekkene wurde moast ta de eksploitaasjekosten. It WBU-bekostigingssysteem giet der lykwols fan ut dat dy kosten falie under technysk of yngripend underhâld. De fergoeding foar de programma's fan easken foar technysk en yngripend ûnderhâld wurde yn alle gefallen rjochtstreeks trochbetelle oan de gemeenten. Dêrfandinne dat der yn begjinsel in berop dien wurde kin op de gemeente om meiwurking op grun fan kêst 74, wannear't it giet om de ferfanging fan flierbedekking. Op dit stuit wurdt der hurd wurke oan de ferbou- en útwreiding fan it eardere beukerskoallegebou te Warten foar de husfesting fan de bysöndere basisskoalle te Warten, Om't der in oantal fêste kasten utbrutsen wurde moasten, is de besteande flierbedekking sadanich skansearre, dat reparaasje net mear mooglik is. De besteande flierbedekking sil dan ek ferfongen wurde moatte. Nei alle gedachten is dêr in bedrach fan 6.000,(eksklusief b.t.w.) mei muoit. Wy stelle jim dan ek ut om de meiwurking op grûn fan kêst 74 fan de WBU te ferlienen foar it ferfangen fan de f lierbedekking fan twa lokalen fan it eardere beukerskoalgebou oan de Schoolstraat 2 te Warten en dêrfoar in kredyt fan 6.000, de b.t.w. dêryn net bef lapt beskikber te stellen. De utjefte wurdt dutsen troch de Ryks-noarmfergoeding. Burgemeester en wethouders der gemeente Boarnsterhim, de secretaris, de burgemeester, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 144