-9- 9. Voorstel tot voorlopige vaststelling van de rekening van sporthal/zwembad "De Twine" te Grouw voor het jaar 1984. De hear Van der Baan vernuvert him deroer dat de ûndersykskommisje noch nea byinoar west hat. Hy freget nei de reden. Sydlings merkt hy op dat de skriuwer fan de ûndersykskommisje ek de skriuwer is fan de stifting sporthal/zwembad De Twine. Dat liket him net sa'n goede kombinaasje. Wethouder Poppen zegt dat op korte termijn een poging ondernomen zal worden de commissie bij elkaar te krijgen. De combinatie secretaris onderzoekscommissie/secretaris De Twine is al bij de insteling van de commissie aan de orde geweest en toen is er niet op gereageerd. De hear Van der Baan liket it ta dat der in oarsaaklik ferbân bestiet tusken it útbliuwen fan een gearkomste fan de ûndersykskommisje en it feit dat de beide ynstansjes deselde sekretaris hawwe. Hoe sjocht de wethâlder dan de kombinaasje. Wethouder Poppen zegt als het college de combinatie strijdig had geacht ook nooit dat voorstel was gedaan. Hij ziet dan ook nu geen aanleiding om daaraan te gaan tornen. De reden dat het zo lang geduurd heeft ligt hem mede in het feit dat het zeer moeizaam is alle mensen bij elkaar te krijgen. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 10. Voorstel tot het vaststellen van een garantieprijs voor oud papier. De hear G. Bouma seit dat syn fraksje ynstimt mei it utstel om de folgjende reden: De bewenners fan Boarnsterhim binne der sa stadichoan oan wend dat it âld papier ophelle wurdt. Ek op in oare wize wurdt der yn'e pleit gien foar it skieden opheljen fan ôffal. Derby tinkt hy oan glês en lyts gemysk Ôffal. It fêststellen fan in garansjepriis is in stimulâns om troch te gean mei it opheljen fan âld papier. Syn winsk is sawol foar de ophellers as foar de gemeente dat der gjin gebruk makke wurde sil fan de subsydzje want dat sil de stimulâns noch grutter meitsje om it ophelje te bliuwen. Mefrou Watzema is it hielendal mei de hear Bouma iens. De ferienings dy't it papier ophelje moatte der hiel wat foar dwaan en foar harren is it moai der dan teminsten in minimumpriis garandearre wurdt. Alle lof dat dit wer yn eare hersteld is. De hear Stallinga is it ek mei it utstel iens. Hy freget oft 5.000 kg net wat tefolle is foar lytse skoallen of ferienings yn de lytse doarpen. De hear Van der Baan tinkt dat it gjin weismiten jild is om hjir oan mei te dwaan. Miskien smyt it de gemeente seis noch wat op. Aid papier opheljen is ien fan de metoaden om skieding fan ôffal oan'e boarne te krijen. It twadde is dan Kringloop Boarnsterhim. Soe it net ferstannich wêze der ris oer te tinken om it kringloopprojekt yn'e reinigingstsjinst ûnder te bringen omt net bekend is of op de lange doer it projekt wol trochgiet. Ek hat hy tocht dat it opheljen no wat op syn "jan boerenfluitjes" giet.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 11