-11- De hear Stallinga freget wêrom doe't it earste tariedingsbeslut nommen is net daliks begûn is mei it meitsjen fan in bestimmingsplan. Wethâlder Breeuwsma seit dat de tiid gewoan te koart is en it foarige tariedingsbeslut wie al op 15 oktober ôfrûn. Der is no in nij bouplan yntsjinne neidat de oanfraag foar 27 premie-hier-wenten troch omstannichheden net trochgien koe. Dat plan moat dus op'e nij de artikel-19-proseduere lans. Dat moat sa gau mooglik barre omt it oars sa wêze kin dat der dit jier net mear boud wurdt. De hear Van der Baan seit dat der yn wezen dus neat feroaret oan it bestimmingsplan. It bouplak is bestemd foar wentebou en dan is der, sa tinkt hy, dochs neat feroare. Earst moat der yn haadlinen in struktuerplan fêstelt wurde. Hy tinkt dat it oars krekt sa giet as mei de Sake Visserstrjitte yn Akkrum. Mevrouw Aukes zegt dat er ook bij haar fraktie onduidelijkheden bestaan over dit plan. Zij vraagt of er wel ooit gesproken is over de preciese invulling van het plan. Wethâlder Breeuwsma seit dat it giet om in globaal plan. Dat is dus net oant yn details utwurke. Dat best jut dat jo fia in artikel-19-proseduere bouwe moatte. Dan jouwe jo krekt oan hoe't de details as goathichte ensfh. derut sjogge. It foarige plan fan 27 premie-hierwenten giet net troch. Foar it nije bouplan moat lykwols in artikel-19-proseduere folge wurde omt der in pear lytse feroarings binne. Der is ek oerlis west mei de P.P.D. en omt der mar lytse oanpassings binne kin it plan gau nei D.S. It plan moat lykwols wol op besjen lizze yn ferbân mei de rjochtsgong. Dat sil sa gau as mooglik barre. De hear Stallinga soe it tige spitich fine as der huzen boud wurde soene dy't net sa moai yn it plan passé. Mefrou Watzema freget oft it hiele plan aanst ek noch wer yn de ôfdieling en de ried behannele wurdt. De hear Van der Baan wol, no't it âlde tariedingsbeslut ferfallen is, earst in nij konseptplan meitsje. Wethâlder Breeuwsma seit dat as it plan op besjen leit dêr alle tekeningen by lizze. It kolleezje hat konstatearre dat de wenten noch moaier binne as dy yn it earste plan. Hy is bliid dat op sa koarte termyn dochs noch gebrûk makke wurde kin fan it ekstra kontingent. De hear Van der Baan freget om in tydlike ûnderbrekking foar oerlis mei de oare fraksjes. De voorzitter schorst om 21.40 uur de vergadering. Om 21.45 uur heropent de voorzitter de vergadering. De hear Van der Baan is yn it oerlis dudlik wurden dat de rie wol grip op dizze saak hâldt. Hy giet dêrom akkoart mei it utstel. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 13