-5- Hie it dan ek net rjochtfeardich west just dit perseel, mei noch in oar dat foar sa'n leech bedrag ferkocht is, by ynskriuwing te ferkeapjen. De hear Stallinga slút him oan by itjinge de hear Van der Baan frege hat. Ook mevrouw Aukes wil graag weten hoe het college tot deze prijszetting is gekomen. In de brief aan de bewoners wordt er over gesproken dat de prijs van de kavel niet bekend was. Wanneer was dat dan wel bekend, zo vraagt zij. Wethâlder Breeuwsma seit dat dit in utfiering is fan bepaalde wizigingen yn it bestemmingsplan. Dit plak kaam ek yn it eardere plan yn oanmerking foar bebouwing. Allinne der is wat skood mei de wenningen. Dit is in kavel dy't net oan it wetter leit, wylst alles oars op it wetter rjochte is. Derom leit dizze kavel geunstiger yn de priis. De fêststelling fan de priis folget ut de eksploitaasjerekkening sa't dy op 1 septimber 1980 yn Utingeradiel fêststeld is. Ferkeapje by ynskriuwing neamt hy in aaklike saak. De gemeente wurket mei kavelprizen, oars soe ek bou- en wentetafersjoch der yn betize reitsje. Foar dy kavelprizen wurdt it oan de bouwers oanbean. De hear Van der Baan tinkt dat der noch wol wat sein wurde kin oer de fêststelling fan de kavelpriis, omt hy tinkt dat it net sa krekt fêstlein is as de wethêlder seit. Hy is fan betinken dat as dizze kavel mar 30.000,opbringe moat de grûn fuortskiten wurdt. Mevrouw Aukes vraagt of in 1980 ook de kavelprijzen zijn vastgesteld of dat die vrijheid nu aan het college is. Voor haar gevoel is er wat mis, omdat juist toen de grond erg duur was. Wethâlder Breeuwsma hêldt him formeel yn de beantwurding fan de sprekkers. De ekploitaasjeopset en de berekkening fan de kavelprizen is yn 1980 fêststeld. Letter hat der in fertichting fan it plan west. Alle kearen binne dêr tariedingsbesluten foar nommen. It hiele plan is sa njonkelytsen realisearre fia in artikel-19-proseduere. Mar wol mei it doel de ekploitaasjeopset te hanthavenjen. De kavels binne dus goedkeaper wurden omt hja ek lytser wurden binne. It plan wie yn earste ynstansje basearre op de bou fan frije-sektor-wenten oan it wetter. It risseltaat fan de fertichting is wol dat ek de premiewenten no oan it wetter lizze wylst dat earst net soe. Punt 9 De hear Van der Baan seit dat dizze ferkeap boppe de 100.000,leit en dan moat de rie in beslút nimme. De voorzitter zegt dat het 4 kavels betreft, die elk dus onder een verkoopprijs van een ton komen. Formeel gezien heeft de heer Van der Baan wel gelijk. Als in het voorstel uitgegaan was van 4 kavels dan had er 4 keer een nagenoeg identiek verhaald gestaan en dat is nu voorkomen. De hear Van der Baan seit dat hy der altyd al benaud foar west hat dat ditsoarte saken opknipt wurde soene yn lytsere stikken. It riedsbeslut is doetiids op in folsein oare wize ynterpretearre. Der wie dudlik sprake fan lytse perselen wêrfan't de ferkeap fluch êfhannele wurde moast. No fynt it omgekearde plak. It kolleezje kin sa rêstich wol foar in miljoen ferkeapje troch it perseel yn lytse stikjes te knippen en dan stiet de rie der wol bûten.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 7