-6- De hear Bethlehem seit dat hy it sa wol bêstgenôch fynt. Hy kin út de stikken leze wat der bard en dat is foar him foldwaande. Wethêlder Breeuwsma is it wol mei de hear Van der Baan iens. It wie yndied eleganter west en ferkeapje dit by in riedsbeslút. Hy seit dat as der boppe de ton ferkocht wurdt, der in riedsbeslút oer frege wurde sil. Punt 11. De hear Nieuwdam seit dat yn de foarige riedsgearkomste troch syn fraksje it fersyk dien is om middels in ynventarisaasje oan te jaan wat de mooglikheden binne foar parkearterreinen ensfh. No leit dêr de brief oan de bewenners fan de Sake VisserstrjitteTwa dingen falie him op. Der wurdt praat oer grienstreken en oer parkearmooglikheden Oplossingen derfoar wurde foarut skood nei it moment dat it plan hielendal klear is. Hy fynt dat in ferkearde wurkwize. De problemen dy't dêr no binne moatte fuortendalik oanpakt wurd, besjoen yn it kader fan en tagelyk mei de winsken en problemen oangeande boartersplakken en parkearfoarsjennings Sa gau mooglik moat der oarder op saken steld wurde en besjoen wurde hokker mooglikheden der binnen om de bewenners temjitte te kommen. Hy wol graach de tasizzing fan de wethêlder dat der ynkoarten in ynventarisaasje plakfynt en dat dit Onderwerp behannele wurdt yn'e fierde Ôfdieling. Mevrouw Aukes zegt dat zij al eerder erop heeft aangedrongen om met de bewoners om de tafel te gaan zitten. Zij mist in de brief een concrete afspraak met de bewoners. De hear Van der Baan seit dat wy no sitte foar in f erskuorrende sitewaasje en hy is tige benijd op hokker wize it kolleezje dat oplosse sil. It sil nei syn betinken in protte kreativiteit freegje om dêr noch wat oan te feroarjen. Hy bliuwt sitten mei de idé dat foar in pear sinten it plan fernield is. De hear Stallinga is it wol iens mei de hear Van der Baan. No moat der ut wat reststikjes de minsken foldwaning dien wurde. Hy nimt oan dat it kolleezje alle war dwaan sil en sykje in gaadlike oplossing. Allinne, sa seit er, wêr't net is kin net wat makke wurde. Wethêlder Breeuwsma seit dat alle sprekkers opmurken hawwe dat der noch wat oan dien wurde moat. Hy seit ta dat hy fan doel is dat te dwaan. Mar earst moat krekt de ôfwurking fan it folsleine gebiet ris besjoen wurde. It is de bedoeling dat it plan sa gau mooglik folboud wurdt sadat noch mear oerlêst foarkommen wurde kin. It kolleezje sil syn bést dwaan de lytse stikjes dy't der noch oer binne sa goed mooglik te benutsjen foar de foarsjennings dêr't men om freget. Him moat noch wol fan it hert dat wat hjir oandroegen wurdt tefolle dramatisearre wurdt. Ommers alle bouterreinen lizze oan it wetter. De minsken hawwe allegearre in prachtich plakje om te wenjen. Earlik sein hie der wat mear romte wêze moatten, mar dan wie it gebiet praktysk net eksploitabel west. As it plan aanst ynrjochte is dan tinkt hy dat dat ien fan de moaiste gebieten fan Akkrum is. De hear Nieuwdam trunt der nochris op oan op dit stuit te besjen wat de mooglikheden binne en net te wachtsjen tot it hiele plan folboud is. Dan is it ûndertusken fiif oer tolven wurden. De hear Van der Baan stipet it utstel fan de hear Nieuwdam. Hy hopet dat de wethêlder syn wurden wier meitsje kin en dat it yndied it moaiste plak yn Akkrum wurde sil.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 8