GEMEENTE BOARNSTERHIM 23. Utstel om in ekstra kredyt út te lûken foar it oantúgjen fan in muorrerek E. Halbertsmaskoalle. Oan de gemeenterie Grou, 6 febrewaris 1987 Fan de direksje fan de E. Halbertsmaskoalle hawwe wy in fersyk krigen om in muorrerek yn de personielskeamer oan te túgjen. Der is op dit stuit net foldwaande kastromte, dêrfandinne dat der foar it opbergjen fan it needsaaklike ynformaasjemateriaal foar de learkrêften ferlet is fan in (iepen) opbergromte. Troch ús tsjinst gemeentewurken is ien en oar besjoen en de konlözje wie dat it tige winstich is, dat it muorrerek der komt. De kosten dy't muoit binne mei de oanskaffing wurde rûsd op sa'n 400,-, en wurde dutsen troch de Ryksnoarm-ûtkearing program fan easken foar oanpassing en ferfanging fan meubilêr. Wy stelle jim dêrom út in kredyt fan 400,beskikber te stellen foar it oantúgjen fan in muorrerek foar de personielskeamer fan de E. Halbertsmaskoalle yn Grou. Tapassing van kêst 74 W.B.U. is yn it foarste plak ornearre foar it bysûnder ûnderwiis. Mar ek foar it iepenbier ûnderwiis jildt, dat saken dy't falie ûnder de programma's fan easken "oare foarsjennings" ferantwurde wurde moatte op dy kosteposten. It giet dêrby benammen om foarsjennings foar: technysk ûnderhâld; technyske en funksjeferbetterjende oanpassings en ferfanging en oanpassing fan meubilêr. Foar reparaasje en ferfanging fan skea oan it gebou, meubilêr en ûnderwiislearpakket is al in regeling (ried 19 augustus 1986) troffen wat de ôfhanling fan skeagefallen oangiet yn it gefal fan bysûndere omstannichheden. Fierders is der dan noch in p.f.e. "overige andere voorzieningen", dêrûnder fait bygelyks it oantûgjen fan learmiddels foar it fak Ingelsk. Op dit stuit witte wy net presies hokker foarsjennings dy't falie ûnder de p.f.e.'s "oare foars jennings" dit jier en takommend jier nedich wêze sille. Dêrom binne wy fan doel de skoallen ris te polskjen wêr't wy dit jier en takommend jier op rekkenje moatte. Der sil dan besocht wurde oanfragen safolle mooglik te bondeljen, sadat jim ried net oates en toates konfrontearre wurdt mei elts wisse wasje. Fansels sil der troch ûs besjoen wurde oft in fersyk om in foarsjenning foldocht oan de normale easken oan it jaan fan önderwiis te stellen, lyk as dat ek gebrûklik wie ûnder de beuker- en leger ûnderwiiswet 1920. 0006V 23

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 114