GEMEENTE BOARNSTERHIM 24. Utstel om meiwurking te ferlienen oan fersyk P.C.-skoalle Akkrum foar reparaasje C.V.-ynstalaasje. Oan de gemeenterie. Grouw, 6 febrewaris 1987. Fan it bestjoer fan de feriening foar "Christelijk Nationaal Schoolonderwijs" te Akkrum is in fersyk op grÖn fan kêst 74 Wet op it basisûnderwiis (W.B.U.) om meiwurking foar reparaasje fan de C.V.-ynstalaasje ûntfongen. Sawat alle aktiviteiten dy't önder de beuker- en legerûnderwiiswet ta it normale Önderhâld (lyts- en grut önderhâld) rekkene waarden en sadwaande yn de eksploitaasjekosten opnommen waarden - binne önder de W.B.U. opnommen yn it program fan easken (p.f.e.) "preventyf ûnderhâld". Op inkelde ötsönderings nei. Ferfanging fan en reparaasje oan flierbedekking, dakbedekking en C.V.-ynstalaasje moatte rekkene wurde ta it "technysk Ûnderhâld", alteast foar it grutste part. Dêrfandinne stelle wy jimme ried öt om in kredyt fan 703,29 beskikber te stellen foar reparaasje fan de C.V.-ynstalaasje fan de Ds. Hasperskoalle yn Akkrum. De ötjefte wurdt dutsen troch de jierlikse noarmfergoeding fan it Ryk foar it p.f.e. foar technysk ûnderhâld". Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop. 0006V 38

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 116