-10- De hear Stallinga seit: "Foarsitter, It docht ûs deugd dat de begrutting foar 1987 2\ moanne earder klear kommen is as dy fan 1986. Dat troch it deistich bestjoer besocht wurdt de begrutting foar 1988 noch earder klear te krijen is in stribjen dêr't wy fansels mei ynstimme. Foar de no levere ynspanning sizze wy alle meiwurkers fan ûs gemeente tige tank. It hat net neat west en as wy sjogge nei de stapels stikken dy't wy krije is de ein der stadichoan fan wei. Mar ja, de riedsleden wolle no ienris alles witte. Lykwols alles witte makket net lokkich en al bielendal net wanear't wy nei dizze begrutting sjogge. De begrutting slût en dêr is't mei sein. It komt oer as "noch efkes en dan binne wy artikel 12 gemeente". Net bést dus. It soe lykwols noch minder wêze as wy ûs by dizze sitewaasje dellizze soene. Dat is, nimme wy oan, net it doel fan it deistich bestjoer en ek al hielendal net fan ös fraksje. Mindere tiden appellearje oan'e ynventiviteit en oan de kreativiteit fan'e minske, dêr sille wy it fan hawwe moate de kommende j ierren. En boppedat, tiden hawwe tiden. Us fraksje nimt dan ek kennis fan de minne finansjele posysje en wol dêr út wei besykje om te kommen ta in goed en sûn belied. Sjoen it tal önwissichheden wat de finânsjes oanbelanget is it op dit stuit tige nuodlik om ta Ôfwoegen algemiene skôgings te kommen, want salang, en ik sitearje "er in diverse vaten van de specifieke uitkeringen zoals onderwijs, W.V.C. en Sociale Zaken nog wat zit" is it tige slim no al oer dizze begrutting te praten. Mei it ûtstel fan b. en w. "begin volgend jaar te discussiëren over wijzigigen, waarbij het beleid meer aandacht krijgt" kinne dy dan ek ynstimme. Nei ös betinken soe it ek net ferstannich wêze om no de saken yn it fet te jitten en alles it oare jier noch ris oereidzje te moatten. Wy pleitsje der dan ek foar om it hiele belied op'e nij te besjen as alles wat de finânsjes oanbelanget bekend is. Foarsitter, hjir wolle wy it lykwols net by litte. Wy binne fan betinken dat as wy in goed en dus fundearre beleid meitsje wolle, wy op syn minst beskikke moatte oer in goed mearjierreprogram, dat basearre is op prioriteiten dy't troch de ried fêststeld binne. Wy fan ûs kant hawwe besocht dêrta in oanset te jaan. Mar earst eat oer de troch jimme oanbeane 0004V 10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 13