-11- Mearj ierrebegrutting. Doe't ik dizze mearjierrebegrutting krige tocht ik "No is't klear". Lit my it fuort-en-daliks mar sizze "It foei my tige of". Ik wit wol dat de gemeentlike komptabiliteitseasken dit sa f reeg je. Mar dizze begrutting is net mear as in rige posten dêr't foar de kommende jierren wat siferkes achter steane. Gjin wurd oer projekten dy't ûtfierd wurde moatte. En dan moatte wy dizze begrutting ek noch relativearjend en mei it soene ferstân besjen! Prachtich sein, mar it seit fansels neat. Siferkes sizze yn dit ferbân allinnich wat as we witte wat we der mei dwaan wolle en wannear't dat wêze sil. En as it dan om beleid giet moatte wy it oer it jild en de plannen iens wêze. En plannen kinne net earder makke wurde dan as we krekt witte hoe it met de ynkomsten en ötjeften stiet. Salang we dat net witte soene wy it fan belang achtsje dat: a. de tastân hanthavene wurdt sa't dy no is en dus net mei nij belied begjinne; b. in vakatuerestop ynsteld wurdt, ek mei it each op de reorganisaasje. Foarsitter wy witte mei koarten hoe't it mei de Ynkomsten fan de gemeente stiet. It wachtsjen is allinnich noch op de "fetten" yn Den Haag dêr't noch wat ynsitte soe. Mei de Utjeften leit it net sa maklik. Wy witte wat it bedrach is foar de ferplichte ötjeften en dat fan de ferplichtings dy't de gemeente oangien is op grön fan'e nommen riedsbeslöten. Fierders witte wy wat er op de winskelist stiet en dus wat de gemeente op koartere of langere doer fan doel is te dwaan en wat er op'e "Meerjarenraming dorpsvernieuwing 1987 - 1991 en verdelingsbesluit 1987" stiet. Wy witte dus in hiele soad, allinnich it stiet net op in rychje. En dat foarsitter dat is't him no krekt. Wat wy no graach sjen wolle is dat alles wat der noch barre moat, ek dat dêr't al in riedsbeslöt oer nommen is (Bygelyks de ötfiering fan'e Stasjonstrjitte te Grou) no ris foar elts önderdiel oanjön wirdt hokker projekten yn hokker jier oanpakt wurde sille. Allinnich dan is it mooglik om foar elts önderdiel prioritieten te stellen en fierder de önderdielen tsjin elkoar of te weagen. Dogge wy it sa net dan is it önmooglik om ynsjoch yn it hiele gemeentlike barren te krijen en in beleid foar de kommende jierren op te setten. Op't stuit jachtsje wy achter de feiten oan, wylst de stikken ös om'e earren fleane. Wy moatte as rie witte wat we wolle. Allinnich in goed plan foar de takomst kin ös öt de nederklits helje, sa net, dan bliuwt it griemen. 0004V 11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 14