-12- By it meitsjen fan'e prioriteiten foar elts ûnderdiel sil it deistich bestjoer mar ek de ried rekken hâlde moatte mei bygelyks a. it feit oft er noch subsydzjes, bydragen of "verfijnings"-regels foar jilde (bygelyks foar rioelearring) b. oft it wurk ek as saneamd wurk mei wurk útfierd wurde kin, ek al moat dan efkes wachte wurde (bygelyks oanlis rioelearring en strjitmeitsjen) c. oft it wurk ek yn grutter ferbân ötfierd wurde kin (bygelyks yn'e ruilferkaveling of by oanlis Rykswei 32); d. oft we net mei kapitaalferneatiging dwaande binne troch eat fersuterje te litten (bygelyks gebouen, sportfjilden) e. oft it net better is foar yndustryterreinen yn terminen betelje te litten of dy noch foar legere prizen óf te stjitten of wei te jaan) f. oft we foar bepaalde saken net mear oparbeidzje moatte mei it bedriuwslibben (dat koe wol ris gaaliker wêze) g. seis gjin wurk dwaan wat in oar bedriuw mooglik better en goedkeaper dwaan kin (bygelyks enerzjyöndersyk) h. eltse besteande post noch ris kritysk neirinne, saaklik besjen en gjin romte jaan oan ûneigenlike arguminten; i. dódlik de ferantwurdlikheden oanjaan (bygelyks oanlis rioelearrings en bou fan'e Twine); j. fierder wurkje oan it opsetten fan in goed ünderhâldsprogram foar de kommende jierren, sadat preventyf en net kuratyf wurke wurdt k. neigean of bepaalde saken net soberder ûtfierd wurde kinne (bygelyks de ütfiering fan'e Stasjonstrjitte te Grou). Foarsitter, en nei alle gedachten sille der noch wol mear punten oan te jaan wêze om ta in goeie prioriteitstelling te kommen. As wy der yn slachje om sa oan it boppesteande ynhâld te jaan dan kinne de ûnderskate önderdielen en projekten goed tsjin elkoar ôfwoegen wurde en is it mooglik om in goed mearjierreplan foar ús gemeente te meitsjen. Jierliks kin sa'n planning oanpast wurde en fansels ek wannear't twingende sitewaasjes dêrom freegje. Mar dêrfoar is nei ós betinken ek nédich dat alle meiwurkers fan ûs gemeente meitinke om ta sa'n opset te kommen. En dat is allinnich mooglik as der in klimaat hearsket dêr't it goed is om yn te wurkjen. Mei elkoar moatte we dêrfoar stean en dêryn is de iene like wichtich as de oare. Oer en wer is nédich dat der betrouwen is tusken de minsken, fan heech oan't en mei leech. Foarsitter, elke regel hat ûtsûnderingen en sa ek hjir. Wy witte net hoe lang it doarje sil wannear't alles knipt en naaid is. Mas as dat lang duorje moat dan soene wy wol tige jimme omtinken freegje wolle foar de folgjende ûnderwerpen: a. it opheljen fan chemysk ôfeart mei nei ûs betinken net langer mei wachte wurde; b. de brânwarkwestje moat oan'e kant; 0004V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 15