-13- c. der moat in ötspraak komme oer de ferkearsfeiligens yn Jirnsum; d. hoe komt it mei de feiligens fan'e Bûtlânswei; e. it fytspaed jusken Jirnsum en Akkrum, tusken Jirnsum en Grou en dat nei Warten troch it Leechlân freegje wy graach jimme omtinken foar. Hjir woene wy it by litte foarsitter. Gjin algemiene skêgings mar dochs hoopje wy hjirmei bydroegen te hawwen om te kommen ta in mearjierrebegrutting foar ús gemeente en dêrmei oan'e takomst fan ús gemeente". De hear Van der Baan seit: "Foarsitter, Op dit stuit soe ik graach begjinne wolle mei it op in rychje setten fan in tal wichtige saken dy't ûs it óf rune jier dwaande holden hawwe. De oanlis fan Ryskwei 32 sil mei ûnder mear provinsje-jild betelle wurde. Normaal is dat Rykswegen troch it Ryk ûnderholden en oanlein wurde. Yn Fryslân hoecht soks net. Wy kinne konstatearje dat de baten fan it ierdgas dat yn ûs boaiem sit, streekrjocht yn 'e steatskas streame. Dyselde winsten wurde wol yn syn totaal byteld yn it Bruto Nasjonaal Produkt fan Fryslân. It gefolch dêrfan is dat Fryslân mei it Noarden as in te rike regio beskôge wurdt om foar stipe út de Europeeske Fönsen yn 'e beneaming te kommen. De Rânewei om Jirnsum kin dêrom gjin stipe krije. Den Haach jout gjin kompensaasje. Wêrom net? It begryp fynplakfoardiel wie yn it koalentiidrek in begryp yn Limboarch. De Limboarchske gemeente krigen foar eltse mudde koalen in bedrach fan 10 sinten. Yn ús regio mei syn ierdgas is dat begryp ûnbekend. Wêrom? It aaisykjen is yn Fryslân al sûnt jierren goed organisearre. Better as yn oare provinsjes. De fögelwacht is it béste organisearre yn ús kontreien. Dochs moatte der Haachske wetten tapast wurde yn ús provinsje foar dat aaisykjen: sintraal en uniform foar it hiele lân. Wêrom dochs? De Kieswet ferbiedt it bröken fan Fryske plaknammen en it brûken fan it wurd "berne". Allinne de F.N.P., net de oare partijen, doarste it oan dy wet te toetsen op syn demokratyske gehalte. Wêrom diene de oare partijen allegearre braaf mei oan it Hollânske taaispul? Wêrom hawwe se gjin died steld yn har opjeften oan de kiesried? 0004V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 16