-14- De P.T.T. hat yn gâns brieven dúdlik makke dat se har net Ôfsidich hâldt as it giet om de politike beslötfoarming oangeande de plaknammejouwing. Dy plaknammen moasten Hollânsk bliuwe. Oer Wijnjewoude en Vegelingsoord hawwe wy har net heard. Fan Hollânsk nei Hollânsk is gjin beswier. Wêrom docht de P.T.T. sa? In ieuwenâlde tradysje wol, dat bûtendyks lân dat op hichte leit, ynpoldere wurdt. Op dy wize wurdt goed en fruchtber lân feilich steld en de feiligens fan de Friezen tsjin de see oer garandearre. In benammen Hollânsk orriëntearre Waadklub hat kâns sjoen dy yn ieuwen opboude tradysje oan kant te reagjen. It krewearjen fan politike C.D.A.-, V.V.D.- en P.v.d.A.-regiofertsjinwurdigers hat gjin ynfloed op har politike maten yn Den Haach hân. It yn Fryslân berikte akkoart tusken linbou- en miljeuoarganisaasjes dat al in minimaal kompromis wie, hat yn Den Haach gjin kâns krigen. Wêrom wurdt Fryslân oan e kant skood? De dongwetten dy't Den Haach makke hat sille needsaaklik wêze foar de Branbânske boerebedriuwen. De Fryske boeren binne net mandélich oan de dongoerskotten. Wêrom hjir al wer in unifoarme steatswet? Lit ûs no ris in amerij yn it ferline sjen. Yn 'e iere Midsieuwen oant sa likernôch 1500 hat Fryslân in perioade fan grutte bloei belibbe. It Frysk waard as bestjoers- en rjochtstaal brûkt. Neidat Fryslân Onder it Dútske en dêrnei under it spaanske bewâld kaam ferdwûn it Frysk as bestjoers- en rjochtstaal. Sosjaal-ekonomysk die Fryslân lykwols noch folop mei. Fan 'e gewesten hie it nei Hollân it 2e plak. As Fryslân nei 1800 yn Frânske hannen komt en nei in unitaristyske steatsgreep yn 'e tiid dêrnei part Otmakket fan it sintralistysk opboude Koninkrijk der Nederlanden, giet it sosjaal ekonomysk hurd efterût. Ek kultureel hie it gefolgen. It Hollânsk (Nederduitsch) waard yn 'e sintrale wetten fan 1803 en 1806 ferplichte en wurdt yn guon publikaasjes de rie jûn om "toch vooral het vriesch boers niet te gedogen". Pas 100 jier letter jouwe de Provinsjale Steaten fan Fryslân in subsydzje foar Frysk bûten skoaltiid. Yn 1937 "kan onder lezen en taal enige kennis van de streektaal begrepen zijn" en kin it Frysk noch net mei namme neamd wurde yn de wet. Yn 1955 mei it Frysk wol as fakultatyf fak tafoege wurde en as fiertaai brûkt oant yn 'e 3e klasse omdat it didatysk better foar it Hollânsk ûtwurket! Yn 1974 wurdt it Frysk as fiertaal troch de hiele skoalle tastien en wurdt it yn 1980 as ferplichte fak ynfierd. 177 jier nei it ferplichte Hollânsk. 0004V 14

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 17