-20- Bovendien zal deze maatregel aanleiding zijn tot het splijten van de groepen van mensen die onderwijs krijgen en dat dat onzekerheid in de hand werkt en het onderwijs niet ten goede komt doordat op deze wijze het marktmechanisme op het onderwijs wordt losgelaten, het college heeft dan ook geen problemen om deze uitspraak aan de Tweede Kamer kenbaar te maken, zodat men ook daar weet hoe het veld hierover denkt. De hear Van den Berg seit dat hy koart wêze kin. It kolleezje hat de skôgings fan de P.v.d.A. oppakt sa as hja bedoeld binne. Hy soe graach noch hearre wolle wat it kolleezje dwaan wol mei de Wet Vermeend/Moor, omt dizze him liend foar in lytsskalige oanpak, ek op gemeentlik nivo. Hy wol noch in pear dingen by de kop pakke. Syn fraksje hat de klam lein op de wize wêrop as de iepenbierheid hjir in rol spilet en dy is wier, as jo mei oare gemeenten in ferliking meitsje. fan in behoarlik nivo. It hat prisipjele wearde yn dy sin dat dêrmie it demokratysk gehalte fan de beslötfoarming fersterke wurdt. It is tige spitich dat dizze positive untjouwing somtiden negatyf besjoen wurdt. In fakatuerestop soe te fier yngripe. Syn fraksje wol ûtgean fan in sitewaasje dy't budzjettêr neutraal is, sadat dêr in lykwicht bliuwt. By de start fan de reorganisaasje soe dat betsjutte kinne dat der tydlik ekstra personiel komt, oan de ein fan de rit moat der gjin ûtwreiding wêze fan it tal personielsleden. Uteraard moat der ek gjin twongen öntslagen plakfine. It is him opfallen dat de V.V.D. in soad saken nei foaren hellet dy't in bulte jild kostje. Hja hawwe in ferlanglistje dêr't hjasels de middels foar dekking dêrfan net oanjaan kinne. Ek de V.V.D. wit dat de léste tiid in protte besunigings trochfierd binne troch it regear dêr't ek de V.V.D. part fan ötmakket. Mefou A. Zijlstra jout in lytse taljochting op de moasje. By it begjin fan de basisskoalle is troch âld steatssiktaris Van Leyenhorst sein dat der rêst komme moat yn it ûnderwiis, Neat is lykwols minder wier. Yn sté fan rêst is der ûnrêst en dat is op himsels terjochte önrêst Der moat besunige wurdt seit it regear. Hja witte seis net mear hoe't it moat en fine út dat de beukers fan 4 jier krekt by it nije skoaljier nei skoalle meie. Grutte protesten. Der wurdt in oplossing fûn troch C.D.A. en V.V.D. lit de skoalle, dat is de önderwiisjouwenden seis mar útmeitsje wat hja dwaan sille. De fjouwerjierigen nei skoalle ta dêr't gruttere klassen troch komme as minder oeren nei skoalle ta. Is it dochs te gek dat ûnderwiisjouwenden seis de besunigingen ûtfiere moatte wylst it regear net iens in beslut dêroer nimme wol. It rjocht fan önderwiis wurdt op dizze wize oantaast. Underwiis foar bern, dy't aanst ös wurkers, wittenskippers ensf. wurde moatte mar no net de kâns krije op it nedige basisunderwiis troch te grutte klassen en te min önderwiisjouwenden, dy't hjirtroch op strjitte komme te stean. Dêrneist wurde foar soarchferbreding minsken oansteld mar de fasiliteiten dy't nédich binne wurde net jön. Hoe kin de basisskoalle ta rêst komme by sok beleid? De moasje wurdt stipe troch C.D.A. en F.N.P. De hear Stallinga seit dat hy net in negatieve bedoeling hie mei syn opmerking oer de mearjierrenbegrutting. 0004V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 23