-27- Wordt dan bijvoorbeeld aan Meinga gedacht, zo vraagt zij. Zou het zo kunnen zijn dat de aanwijzing van Leeuwarden als stadsgewest invloed heeft op de toewijzing van contingenten. Wethâlder Breeuwsma seit dat yn in folgjende ôfdielingsgearkomste in nota behannele wurde sil dêr't alle grön dy't de gemeente no noch hat ynstiet, mei de beskriuwing wer't dat foar brÖkt wurde sil. De léste tiid is der al eins gjin grûn yn ekploitaasje foar bebouwing naam as dat net heechst needsaaklik wie. Op'e measte plakken hoecht ek gjin grûn kocht te wurden. Allinne yn Wergea hat de gemeente gjin grûn mear yn foarrie. As in plan yn gong setten wurdt dan is it beleid der op rjochte de rinte sa leech mooglik te hélden, dus in lytsskalige oanpak. Bebosking is oer it generaal sa'n saak fan de lange termyn dat we mar better wat tinke kinne oan de tiid dy't tichteby leit. It kolleezje stiet iepen foar suggestjes. Sa sil de suggestje fan de kompostearringsfabryk neier öndersocht wurde. De grûnpot fan De Oude Jokse sit lykwols al fol, mar faaks kin de grûn wol ferkocht wurde oan boeren dy't yn dat gebiet sitte. Takom jier komt it kolleezje mei in plan foar oanpassing fan Meinga, mar dat sit no noch fêst yn ferbén mei de ferdöbeling van Rykswei 32. It is him net bekend dat Ljouwert as stedsgewest ynfloed hat op'e ferdieling fan de kontingenten. Wy krije minder omt er minder oan Fryslén tawezen is. Hy tinkt dat er foar üs gemeente wol oanlieding wêze sil om in ekstra kontingent te freegjen. Dat de sitewaasje der net makliker op wurdt moat elts him wol goed yn't ûnthâld printsje. Mevrouw Aukes kan zich wel vinden in de beantwoording van de vragen. In haar ogen kan een plan als Meinga beter getemporiseerd worden met het oog op de ontwikkelingen rond Rijksweg 32. Wethélder Breeuwsma seit dat der al wol earder in sketsplan foar Meinga west hat. Der binne no wizigings yn'e sitewaasje. De hiele struktuer fan Meinga moat eins wolris fêstlein wurde, sadat bekend is op hokker wize aanst it plan ynrjochte wurde sil. Rykswei 32 spilet deryn natuerlik in grutte rol. De voorzitter schorst om 12.50 uur de vergadering voor de lunchpauze Om 13.40 uur heropent hij de vergadering. Bladzijde 15: Mevrouw Aukes wil de commissie toevoegen dat haar ter ore is gekomen dat de "afdekdeken" de hele zomer niet gebruikt is. Ondanks dat het water een paar weken niet warmer was dan 12 is toch het gasverbruik toegenomen. De voorzitter zegt toe dit ter kennis van de commissie te brengen. Bladzijde 16, 17: De hear G. Bouma freget sadré it nédich is de ôfdieling op'e hichte te bringen. As der foar it begjin fan it swimseizoen gjin dûdlikheid is dan moat hanneljend optreden wurde, sadat de ekploitaasje fan it gehiel net yn gefaar komt. Mei de hjoeddeiske technyk moat it mooglik wêze it bewiismateriaal fêst te lizzen sadat dat letter wer brûkt wurde kin. 0004V 27

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 30