-35-
Hja wol noch graach de hint oan'e plantsoenetsjinst jaan om ris
te besjen oft er yn harren wurk ek in oare prioriteitstelling
mooglik is.
De hear Stallinga ûnderskriuwt it jinge mefrou Faber sein hat. Hy
soe graach wolle dat der ien hiele Ôfdielingsgearkomste wyd wurdt
oan dizze problematyk. Wethouder Poppen zegt deze suggesties mee
te nemen.
Bladzijde 66:
It stiet mefrou A. Zijlstra by dat tasein is dat as der wol
spuite wurde soe dat meidield wurde soe oan'e ôfdieling. Dat is
net bard. Hja wol dan ek it kol- leesje freegje dat dit jier wol
te dwaan sadat mooglik yntiids reagearre wurde kin. Miskien kin
de foarljochting nei de boargers ta ek better omt dochs bliken
docht dat guon minsken leaver net wol dat by harren yn'e buert
spuite wurdt en hja seis it ûnkrûd oprêde wolle.
Wethouder Poppen zegt dat er twee keer een stukje in de
Mid-Frieslander ge- staan heeft, zodat de voorlichting naar zijn
mening wel goed gebeurd is. De plantsoenendienst heeft vergeten
door te geven dat er gespoten zou gaan worden. Het is ook prima
om in te spelen op mensen die zelf het onkruid wel met een mesje
willen verwijderen om zo te voorkomen dat er met gif gespoten
wordt. De reden dat er dit jaar wel gespoten is ligt hem in het
feit dat sommige mensen zelf gaan spuiten met rotzooi. Het is dan
beter zelf met "beter" spul te gaan spuiten.
Bladzijde 68:
De hear Stallinga liket it better dat der aksje yn provinsjaal
ferbân fierd wurdt. Deryn soe Grinslân ek belûtsen wurde moatte.
Soe it ek saak wêze as rie by de Twadde Keamer oan te klopjen
lykas bard is by de kwestje fan de ferhe- ging fan de hierpriizen
troch Domienen by Terherne, om de fertsjintwurdigers fan de
ferskate partijen der op te wiizen dat net alles op de noardelike
pro- vinsjes ôfrolle wurde kin wat de EFRO-subsydzjes oanbelanget.
De voorzitter vindt het een goede zaak dit op te pakken samen met
Gro- ningen. Het probleem ligt hem niet zozeer in de Tweede Kamer
als wel in het systeem dat wordt gehanteerd bij de berekening. Nu
wordt gebruik gemaakt van CBS-gegevens maar er is een betere
methode denkbaar en dat is wel in Den Haag bekend. Het systeem is
echter door de europese partners gekozen.
De hear Stallinga hat begrepen dat it in trúkje fan Ekonomyske
Saken west hat om foar te kommen dat it hiele lân tekoart dien
wurde soe en doe hat men be- sletten dat neidiel mar yn'e
noardhoeke te triuwen.
De hear Van der Baan seit dat der yn'e Ôfdieling oer praat is yn
jannewaris mei in moasje te kommen.
It is yndied sa dat Den Haach bepaald hoe't de saken regele
wurde. Den Haach hat it noarden de winsten út it gas tarekkene öt
it bruto nasjonaal produkt en dat is de reden dat wy en ek
Grinslân buten de europeeske fûnsen falie. It is wol saak dat de
moasje, dy't stipe wurde moat troch it hiele noarden nei Den
Haach tagiet.
De voorzitter zegt aan deze opmerkingen aandacht te zullen
besteden. Zo nodig zal actie naar Den Haag toe worden ondernomen.
0004V