-36- Bladzijde 77: Mefrou S. Zijlstra freget oft oan te jaan is op hokker termyn der mear dûdlikheid is oer oan- as nijbou yn Grou. Wethilder mefrou Bloem seit dat dizze skoallen noch net op it bouprogramma steane. De kwaliteit fan de dislokaasje is wol sa dat der besocht wurde moat dizze skoallen wat mear nei foaren te heljen. Dêr spilet it probleem fan de leegstân trochhinne. It ryk rekket op dit stuit jild ta op basis fan oantallen learlingen en formaasjeplakken. Dat hâldt yn dat der op papier nochal wat leech stiet, dêr't wy dus seis it jild foar op- bringe moatte. As der oanboud wurdt by in skoalle moat der rekken hâlden wurde mei leechstân by dy of in oare skoalle en dat makket it wol tige yngewikkeld. Yn jannewaris/febrewaris sil wer praten wurde om de saak te bespoedigjen. Bladzijde 80: Mefrou S. Zijlstra seit dat har fraksje dit ek in swierrich probleem fynt. By de maatregel bliuwt it ferfier nei it bûtengewoan ûnderwiis wol fergees mar mei ûtsûndering fan de LOM/MLK-skoallen en dat fine hja ûnrjochtfeardich. Want wêrom is it nédich ferskil oan te bringen yn it learlingenferfierOf soe it sa wêze dat der op dizze wize it measte jild te heljen is? Kinne dizze bern it helpe dat de soarchbreedte sa is dat hja net yn it eigen doarp nei skoalle kinne? De âlden mei likernÔch in minimum ynkommen moatte aanst 15,17,de moanne betelje foar it learlingenferf ier. Hja stelt fêst dat dit regear in ferskil opropt yn it bekostigjen fan it learlingenferfier en hja kin oars net as it rare gefoel krije dat dit dien wurdt om jild te krijen. Wethâlder mefrou Bloem seit dat de achtergrûnen net krekt bekend binne. Jo kinne der nei riede en der wantrouwen by hawwe. Yn elts gefal dielt hja it beswier fan mefrou Zijlstra. Jo sjogge hjir wer dat it underwiis oan it koartste ein lûkt. Nammerste skrinender wurdt it as âlden betelje moatte foar ferfier nei underwiis foar harren bern dat yn'e buert net te finen is omt de soarchbreedte fan it basisûnderwiis hyltiten smeller makke wurdt. It is in spitige saak, foaral ek omdat dit wer sa'n maatregel is dy't earne oars betocht is mar troch de gemeente ötfierd wurde moat. Yn'e maitiid sil hjir yn'e Ôfdieling oer praat wurde. De hear Stallinga is it der hielendal mei iens dat it in ûnmooglike saak is sa as ek yn it antwurd oanjûn wurdt. Bladzijde 82: De hear Van der Baan fynt dat it net hurd te meitsjen is dat de besunigings- drift fan it ryk de oarsaak is fan dat it frysk kwalitatyf en kwantitatyf te min omtinken kriget. It ynspeksjerapport "Het onderwijs in het fries nader bekeken" stelt dat it ûnderwiis yn it frysk folslein ûnfoldwaande is. Dat bestjut dan wol dat de ynspekteur net op in ferantwurde wize in skoalwurkplan goed kart. Yn it antwurd is gjin strategy ta ferbettering te finen en dat spyt him tige. Dy strategy moat der wol komme. Hy freget derom it kolleezje wat hja tinke te dwaan. 0004V 36

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 39