-40- Hja freget har óf oft de besunigingen foar de mesykskoalle wol helber binne en hoefier it is mei it oerlis oer it mesykûnderwiis De fraach fan ferline jier oer it pjuttewurk is noch neat mei dien. It soe goed wêze dêr dit jier ris nei te sjen. Mooglik kin de wolwêzenskommisje dit jier besjen oft de prioriteitstelling ek oanpast wurde moat oan it kolleezjeprogram dat fan't maitiid bekend is. Wethâlder mefrou Bloem seit dat it kolleezje goed ôfwûgen hat wat der barre moast mei de besunigingen fan Brinkman. Foar in gemeente as uzus soe it ellindicb wêze as dy hielendal trochfierd wurde soene. Dêrom is keazen foar in trochberekkening foar in part. Dan liket it derop dat alles wol aardich slagge is en dat it wurk wol moai trochrinne kin. De fraach oer it better beleanjen fan minsken dy't pjuttewurk dogge is yndied net beantwurde en hja seit ta dat nochris oan de Wolwêzenskommisje troch te jaan. It fereveningsfûns is yndied earne oars foar bedoeld as wer it no foar brökt is. It is moai dat it der is, oars hie it noch rigoereuzer gong mei it koartsjen. No ommers hawwe de fereinings noch krije kind wat hja frege ha. De wolwêzenskommisje tinkt optheden nei oer de wurkwize en ek oer de prioriteitstelling. Hja besjogge oft it, sa't it no giet, wurkber is of dat der miskien in ienfâldiger wize fan subsydzjetakenning mooglik is. Op dit stuit binne der noch gjin neiere kontakten mei de mesykskoalle west en dat komt omt pas sûnt in pear wiken de begrutting fan de regio fêststeld is. Yn de mesykkommisje is al wol oanjûn dat wy minder jild besteegje wolle oan it mesykûnderwiis. De fraksje fan Boarnsterhim hat dan ek tsjin dat diel fan de begrutting fan de regio stimd. Mear is der noch net bekend. 9. Voorstel tot vaststelling van de meerjarenraming dorpsvernieuwing 1987 - 1991 alsmede het verdelingsbesluit dorpsvernieuwing 1987. De hear Nieuwdam wol graach memorearje dat de wize wêrop as it rapport gearstald is syn fraksje tige oansprekt en dat it dochs noch mooglik west is alle opmerkings fanût de doarpen mei te nimmen. Syn fraksje konstatearret dat it jild dat der beskikber is mar minimaal is. Dêr is neat oan óf of ta te dwaan. Hja hawwe fernommen dat de gemeente Zaanstad it oprêden hat de deklaraasjestop opheven te krijen en dat hja no noch jild krije. Hy freget oft wy as gemeente der ek wat oan dwaan moatte. Tink oan de moasje dy't ferline jier oannommen is. As it sa wêze mocht dat it jild út de deklaraas jestop werom komt dan wolle hja op foarhân der foar in diel al in bestimming oanjaan, nammentlik it projekt Greidhoeke-East. Hy wol freegje oft der al prikken yn it wurk steld binne om de publisiteit oer oanfragen foar subsydzje wenteferbettering better foarelkoar te krijen. De hear Van der Baan fynt it in tige oersichtlik gehiel. Dêrfoar in komplimentIt iennichste dêr't it oan mankeart is jild. De rie krige yn'e ófrune tiid te krijen mei allehande útstellen, dy't op harrensels wol goed wiene, mar de mooglikheid fan ófwaging tsjin oare plannen oer wie der net. De priorieteiten leinen net sa bot fêst en it wiene gauris tafallige saken dy't oan'e oarder kamen. Dêrtroch is it nei de takomst ta allegear wol wat op slot kaam te stean. Hy hopet dat dat feroarje sil. It jild kin mar ien kear ûtjûn wurde en dêrom moat der in goede Ófwaging plakfine tsjin de oare plannen oer. Mevrouw Aukes zegt dat het plan op zichzelf duidelijk is. Er is ook inspraak mogelijk geweest op de verdeling van de gelden voor 1987. Zij heeft de indruk gekregen dat de insprekers niet in de gaten hadden dat hun ideeën en suggesties geen invloed meer hadden voor het komende jaar. Om te voorkomen dat het volgend jaar weer zo gaat wil zij dat de inspraak eerder wordt gestart. 0004V 40

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 43