-41- Gelden die mogelijk nog beschikbaar komen door bijvoorbeeld het opheffen van de declaratiestop zou zij willen gebruiken voorde honorering van suggesties die tijdens de inspraak gedaan zijn. Wethâlder Breeuwsma konstatearret dat de sprekkers it iens binne mei it ûtstel. Hy seit dat de V.N.G. him oant no ta net sa drok makke hat oer de saak fan de deklaraasjestop. It kolleezje stelt prikken yn't wurk en sil ris besjen op hokker wize der wat oan dien wurde kin. Der sil ek grif gebrök makke wurde fan saakkundigen. Earst wurdt öndersocht wat it allegear kostje moat. Om no al te sizzen dat dat frijkommen jild nei de Greidhoeke-East moat giet him wat de fier, omt noch net krekt bekend is wat dêr allegear brûkt wurde moat. Hy hat goede nota nommen ek fan de suggestje fan mefrou Aukes. As it jild der yndied komt moat der mar ris in diskusje yn'e ôfdieling oer hâlden wurde. Hy is it der wol mei iens dat der better in moanne earder ynsprutsen wurde kin sadat it noch mooglik is saken te feroarjen as by te stellen. Wethouder Poppen zegt dat er vorig jaar in is toegestemd met de Greidhoeke-East mee te gaan. Er ligt provinciaal voor de eerste drie jaar een miljoen te wachten. Ook W.V.C. geeft een bijdrage. Met de 50.000, die nu vrijgemaakt wordt kun je niet zoveel doen. Het plan van aanpak komt in januari of februari in de afdeling. Het mag wel duidelijk zijn dat er meer geld dan 50.000,nodig zal zijn. Daarom is hij het eens met het voorstel van de heer Nieuwdam. De hear Nieuwdam seit dat hy net bedoeld hat dat perfoarst alles wat út de deklaraasjestop werom komt nei de Greidhoeke-East moat. Hy hat noch gjin antwurd krigen op de fraach oer de publisiteit foar de wenteferbetteringsregeling Mevrouw Aukes zegt dat zij ook liever ziet dat niet alles naar de Greidhoeke-East gaat, maar dat ook een gedeelte gebruikt gaat worden voor andere concrete projecten. De hear Van der Baan seit dat in protte saken dy't it ôfrûne jier besletten binne op himsels goedwol binne, bygelyks ferpleatsing D.E.M.ferbettering fan de Sitadel, werynrjochting by it postkantoar yn Akkrum, mar yn wêzen koe der gjin ôfwaging plakfinne tsjin oare plannen oer. Op de ein fan it jier wiene der safolle ferplichtings oangien dat der foar it nije jier net in soad mear oerbliuwt. Wethâlder Breeuwsma sil neigean op hokker wize de publisiteit regele is foar de wenteferbettering. As der oanlieding ta is, sil der mear omtinken jûn wurde oan dizze saak. Op hokker wize de hûd fan de bear dy't noch net sketten is, ferdielt wurde moat, moat dan earst mar ris oan'e ôfdieling foarlein wurde. It is wol sa dat der al in bedrach reservearre is foar de Greidhoeke-East. It bliuwt lykwols in ôfwaging fan prioriteiten oft der noch mear jild oan bestege wurde moat as dat it foar oare saken brûkt wurde moat. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 10 Voorstel tot vaststelling van de tarieven voor het openluchtbad- en sporthalgebruik "De Twine" te Grouw. De hear G. Bouma tinkt dat it kolleezje goede oerwagings hat om de tarieven foar it swimbad net te ferheegjen. Hy hopet dat dat positive gefolgen hawwe mei foar de eksploitaasje fan it swimbad. De reparaasjes moatte dan wol op tiid klear wêze. Wat de sporthal oanbelanget, giet hy ek mei it ûtstel akkoart. Hy jout de behearskommisje út namme fan syn fraksje ûtdruklik in kompliment foar de wize wêrop as hja de saak beheard hawwe. 0004V 41

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 44