-5- 2. Ingekomen stukken. Punt 1 De hear Van den Berg seit dat der yn it ramt fan de ötspraak fan de rie yn feite oanjön is dat it rasisme yn Söd-Arfika ôfglidet nei in moardparty. De anti-apartheidsorganisaasjestsjerken en fakbönen hawwe al jierren frege om ekonomyske sanksjes. Dy fraach is wrâldwiid opsetten, Benammen yn de V.S. hat dy aksje in aardich risseltaat. Yn Europa minder. Shell is dêrby as spearpunt keazen omdat Shell in wichtich pylder is fan it apartheidsrezjym. Shell en ek oare ynvesteerders binne dêr op wezen mar lizze dat njonken harren del. Nést goede aks jes as it brief fan ûs, en de ötspraak oer de krugerrand, binne der no spitigernÔch ek ekstremistyske aksjes fan'e grön kaam. Dy aksjes bewize de freedsume aksjes gjin goede tsjinst en moatte mei klam Ôfwezen wurde. Yn it brief giet Shell foarby oan'e kearn fan de saak. Hja wiist op it ferbân tusken de mikpuntaksjes en de gewelddiedige aksjes en seit dat it weromlöken út Söd-Afrika gjin ein meitsje sil oan de apartheid. Dêrmei wurde de freedsume aksjes wol fertocht makke. Ynterne druk yn Söd-Afrika, seit Shell, liket har de goede wei. As der sjoen wurdt nei wat der de léste jierren yn Söd-Afrika bart, marteling, bern dy't opsluten binne, dan hat Shell op gjin inkelde wize dêr tsjin protestearre. In artikel yn de N.R.C. dêr "Shellvenster" yn sitearre wurdt seit: dat Shell zich uit Zuid-Af rika zal terugtrekken als de winst die daar behaald wordt niet langer opweegt tegen de schade die de groep elders wegens haar hulp aan het apartheidsbewind wordt toegebracht". Dy stellingname liket him wol dödlik. Demokratyske en freedsume aksjes moatte trochsetten wurde. Mevrouw Aukes zegt dat het haar fractie nogmaals duidelijk is geworden dat gemeentelijke inmenging in buitenlandse politieke zaken een averechts effect kan sorteren. Onze gemeentenaam in ondernemersland wordt er bepaald niet populairder op. Het doet haar pijn de naam van onze gemeente steeds weer geconfronteerd te zien met dit soort krasse uitspraken van de raad. Dat daarnaast uitlatingen, ook in onze gemeente, reacties kunnen oproepen als mikpuntacties, in sommige gevallen met de nodige terreur, is uiterts verwerpelijk. Het college beperkt zich tot het voor kennisgevig aannemen van allerlei informatie en argumentatie van Shell. Het zou juist voor de P.v.d.A.-fractie een goede zaak zijn dat zij ook kennisnamen van die brieven. Dit onderstreept des te meer het feit dat het de raad alleen maar ging om oppervlakkige kretelogie waarbij niemand gebaat is. De hear Van der Baan seit dat der gjin krasse ötspraken yn de rie dien binne. Der is allinne mar in brief rjochte oan Shell. De wize werop as Shell reagearret fynt hy tekenjend foar de wize werop as hja faker omgean mei opmerkingen dy't har net passé. Hy fynt it gjin pas jaan dat men seit dat brieven as dy fan de rie terreuraksjes ötlöke. As jo, oan de oare kant, wol prate mar gjin dieden stelle is dat ek net goed. Op ös eigen terrein fan gemeentewurken stiet noch in Shellpomp. 0007V 5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 50