-10- De kosten hawwe ek altiten in rol spile. Doe't de tonnen him opstapelen hat syn fraksje sein dat earst mar ris ûtsocht wurde moast wat it kostet as it ynfieren meinommen wurdt yn it wurk. It jildt nammers foar alle hanneljen fan dizze rie dat de kosten goed besjoen wurde. It mei, nei de tiid dy't dat nommen hat, der no ek op lykje dat de kosten behoarlik werombrocht binne. Ynstansjes binne oer't generaal ré om mei te wurkjen. It bedriuwslibben hat besifere dat it harren noch al wat kostje soe. Hy tinkt dat as hja wat mear tiid krije de kosten ek minder wêze sille. Dit útstel is in slútstik yn it hiele barren en dêrom is der yngeand oerlis west mei de oare fraksjes. Derút binne inkelde wizigings fan it ûtstel nei foaren kaam. Tenearsten Idaerd en Raerd wizigje in Idaard en Raard en Roardhuzum yn Reduzum. Foar in grut part is der oansletten by de Geakundekommisje en de Fryske Akademy. Allinne foar Roardhuzum wie dat it minderheid fan dy kommisje. Twaddens de termyn fan ynfiering bringe tusken 1 jannewaris 1988 en 1 jannewaris 1990. It bedriuwslibben krijt dan wat mear tiid om de feroarings troch te fieren. Treddens de lesten net ôfskriuwe yn 15 jier mar dwaan as in ûtjefte ynienen. As léste yn syn petear wol hy omtinken jaan oan'e enkête. Sawat de helte fan'e minsken hat dêroan meidien. It risseltaat lit sjen dat in protte minsken in twatalige oantsjutting hawwe wolle. Hy hat wurdearing foar de oanpak fan dizze enkête en it wurk fan al dy frijwilligersOm reden dat der yn in protte hûshâldens no diskussearre is oer al as net fryske plaknammen hat de enkête in goede bydrage west oan de mieningsfoarming. Hy hopet en ferwachtet dat de ynfiering fan fryske plaknammen de spesifike posysje fan Boarnsterhim fersterkje sil en dat it befoarderje sil dat it wenjen, wurkjen en rekreëren yn dit unike gebiet fierder syn wei fine sil. De hear Van der Baan seit dat hy in oare miening oer de enkête hat. Yn de enkête komt ta útdrukking dat foar frysk 1070 minksen binne en allinne nederlânsktalich 701. Hy lûkt dêrût de konklözje dat der 370 stimmen mear binne foar allinne frysktalige plaknammen. In oare ferliking is net te meitsjen want de enkête is op himsels tekoart sketten yn syn fraachstelling. Yn de enkête waard nammentlik oanjûn dat der in moogl ikheid wie fan twataligens. Dat wie lykwols yn de praktyk net mooglik ek al omdat de kosten oardel twa kear sa heech wêze soene en der boppedat in bliuwende betizing wêze soe. Ek it ryk, NS, ANWB hawwe sein dat hja net oan dy fariant meiwurkje woene. Dus, mis enkête, dat wie in blunder. De Pleatslike Belangen hiene ek betinke moatten dat as jo in enkête hâlde wolle, jo earst in stûdzje fan it Onderwerp meitsje moatte. De gewoane minksen witte net de saak yn it goede ramt te pleatsen. Dat ramt is dat wol in taal oerlibje, it nédich is tal fan maatregels te nimmen en dêr past no krekt dy nammejouwing yn. En as sadanich is it ek bedoeld. Soene wy it monopoolje oan it hollânsk jaan dan ferdwine dêrmei de fryske nammen. As de lju yn de enkête dêr tsjin binne hawwe hja te kennen jön gjin ynsjoch te hawwen yn'e taalproblematyk. Dêrom is in enkête eic net op syn plak. De gewoane minsken, dus ek de Pleatslike 0007V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 55