-11-
Belangen, hawwe dat ynsjoch net en dêrom is der allinne frege nei
foaroardielen.
Troch in bepaalde ûntjouwing is der in stik ferfrjemding
optreden. De maatregels dy't de gemeente nimme moat, moatte de
ferfrjemding opheffe. Dêrom is de kostenfaktor dan ek yrrelevant.
Yn it bûtenlân gnize se om soks, mar yn ûs boekhâlderssteat sille
we de saken nochris op'e ny besjen moatte en tsjinelkoar ôfwage.
It soe nammentlik wêze kinne dat in doarpshûs as lantearnepeal
net trochgean kin. In lantearnepeal is net identiteitsbepalend en
in taal wol. In taal beynfloedet it fielen en tinken de hiele
dei, jier yn en jier út. De taal is de útdrukkingswize fan it
yndividu en it folk. It ferlykjen fan taal en lantearnepeal kin
net. It binne grutheden fan folslein ferskillende oarder.
Yn de hystoarje is in prinsipieel ferkearde sitewaasje ûntstien
ûnder ynfloed fan ferkearde machtsferhâldingsOan dy
ûnrjochtfeardige sitewaasje komt no in ein troch de fryske nammen
yn it offisjele ferkear te brûken en dêr is hy bliid mei. Hy hat
him achter it útstel fan de PvdA set. Fan de kostenfaktor wol hy
noch wat sizze. Yn de rin fan de jierren hat de PTT altyd wer
besocht as anti-fryske ynstelling op in skandalige wize polytyk
bedreaun, mei it driigjen fan skeaclaims fan leafst 450.000,
Soks mei net en hy soe wol wolle dat soks rjochtset wurde moast.
Hy is bliid dat de plaknammen no aanst fêststeld wurde en hy
hopet dan ek dat as de buorden der binne de befolking aanst ek
gau went wêze sil.
De heer Stallinga kin koart wêze. It útstel mei feroarings ha hja
mei ûndertekene. Mei wat de hear Van der Baan seit kin hiel syn
fraksje ynstemme. Hja leauwe ek dat men nei ferrin fan tiid net
better mear wit en wat de enkête oanbelanget fait him op dat der
in protte minsken tsjin it frysk binne, mar as jo dan witte wolle
wêr't dy stimmen hinnewolle dan misse jo in hiele soad. Hy tinkt
dat it in bulte minksen lead om âld izer is wat it wurde sil. Dat
is net sa bést, mar wol krekt sa'n soarte reaksje as doe't it
foarlein is oan de Pleatslike Belangen.
Dêrby komt noch dat foar Idaarderadiel en Raarderhim al folie
earder besletten is ta fryske plaknammen te kommen. Nimmen hat
reagerre. It is pas wer yn'e belangstelling kaam doe't
Tytsjerksteradiel itselde beslút naam.
As we oan de fryske nammen wend binne oer in skoft, dan wit men
op syn moaist net mear hoe't west hat.
No moat de saak posityf ombûgd wurde. It wol him dan ek net oan
dat de sakeman dy't goede produkten levert troch in
nammeferoaring de holle net mear boppe wetter hélde kin.
Mevrouw Aukes zegt dat zij tijdens de raadsvergadering in juni,
waar wel degelijk een heroverweging mogelijk was, een pleidooi
heeft gehouden voor tweetalige oftewel dubbeltalige
plaatsnaamborden. Vervolgens om de friese namen niet in te voeren
in het officiële verkeer. Dat dubbeltaligheid wel eens wordt
verwisseld met tweetaligheid moet men de mensen maar niet kwalijk
nemen, ook zijzelf "betiist der wolris yn". De argumenten die zij
toen aanvoerde waren onder meer dat om de friese taal te
bevorderen en te propageren dubbeltaligheid een betere
confrontatie tussen het fries en het nederlands bewerkstelligt
dan ééntalige friese borden.
0007V 11