-16-
7. Voorstel tot wijziging van het tarief voor de verhuur van water
voor bedrijfsmatig gebruik.
Mevrouw Aukes zegt dat er nu nogal wat bedrijven geconfronteerd
worden met een huurtarief terwijl zij dat eerst niet hoefden te
betalen. Zij vraagt zich af of het lak niet duurder dan de brief
zal worden, omdat het nogal wat aan inventarisatie zal vergen.
Sommige bedrijven krijgen het door deze regeling financieel
moeilijk. Heeft de gemeente een verplichting om het water op
diepte te houden, zo vraagt zij.
De verhogingen die worden voorgesteld, dit jaar met 33%, daarna
met 100%, hebben niets met inflatie te maken.
Haar fraktie heeft daar dan ook de nodige moeite mee.
Wat haar erg steekt is dat men ook voor water wat in eigendom bij
de provincie is moet betalen. Voor sommige bedrijven komt dat
zeer onverwacht.
De hear Nieuwdam seit dat by it ynstellen fan de oardening yn it
eardere Idaarderadiel it útgongspunt west hat dat bedriuwen
rjocht hawwe op rjochtsbeskerming. Dat ûtgangspunt moat ek yn'e
nije sitewaasje oerein bliuwe. En as sadanich kin hy mei de
yntinsje fan it ûtstel meigean. It giet oer lytse bedragen. Foar
dit jier giet hy akkoart, mar foar de kommende jierren wol hy it
beslút oanhâlde, om't dy ferheging prosintueel nochal heech is.
Hy wol dat nochris op'e ny besjen.
Wethâlder Breeuwsma seit dat just it feit dat it lak djoerder dan
de brief waard een reden is om de tariven oan te passen. It giet
net om mar in soad jild te barren mar om in ridlike öfwaging te
meitsjen neffens wat yn de takomst binnen de beboude kom betelle
wurde moat foar in lisplak. Mei tariven, dy net heech binne,
wurdt it bedriuwslibben al aardich yn'e mjitte kaam. Hy giet der
net fandt dat der in ferplichting ta ûnderhâld is, sjoen de
bedragen dy't frege wurde. It is mear in fergoeding. De minsken
sille it wetter wol seis op djipte hâlde moatte. De jierlikse
ferheging hat neat mei ynflaasje te krijen. It giet derom dat
dizze tariven likernoch oerienkomme kinne met de taryfstelling
foar oare kategoriën. It is rjochtfeardich dat men foar it
provinsjewetter itselde betelje moat as foar gemeentewetter. Yn
it ramt fan de ruilverkaveling giet der wetter om neat oer nei de
provins je. Ek de provins je is fan betinken dat de gemeente foar
syn eigen grûngebiet regels opstelle moat.
It is wol mooglik de ferheging foar 1988 en 1989 oan te hâlden
mar de yntinsje is dat der op termyn wis oan dy ƒ2,de
kantemeter kommen wurde moat om it administratyf sawol as yn
ferhâlding mei de oare tarieven wêze te litten.
De hear Nieuwdam hanthavenet syn ûtstel om de fêststellling foar
1988 en 1989 oan te hâlden temear om't yn it kolleezje-ûtstel de
argumintaasje ûntbrekt wêrom as it taryf sa'n ein omheech moat yn
dy jierren.
Mevrouw Aukes heeft de nodige moeite met de rigoreuze verhoging.
Voor sommige bedrijven gaat het om hoge bedragen. Ook vraagt zij
nog eens naar de verplichting tot onderhoud.
Waarom wordt er verschil gemaakt in huurkontrakten, want dat
maakt zij op uit hetgeen de wethouder vanavond en ook al eerder
heeft gezegd.
De hear Stallinga seit dat hy ynstimt met it kolleezje-ötstel. De
diskusje fernúvert him wat. As wol de lisplakoardening op sifers
setten wurde kin dy't nochal wat heger binne dan dy't no
fêststeld wurde moatte, dan sjocht hy net werom as der jûn
problemen ûntsteane.
0007V 16