-3-
De gefolgen fan de besunigings.
Dizze sille foaral liede ta better önderwiis foar de riken, ta
better mezykûnderwiis foar de riken, ta in bettere
âlderein-soarch foar de riken, ta ensf.
Koartsein: werom nei it begjin.
It is dochs te gek dat op 'e nij ien miljard besunigings op it
önderwiis foar 4-jierrigen liedt ta:
1. of gruttere klassen;
2. of letter nei skoalle;
3. of dat minsken mei jild sizze, wy sykje seis wol in
oplossing foar ûs bern.
Foarsitterdit soarte saken giet fiersten te fier en de
iennigste treast mei wêze dat hieltyd gruttere groepen binnen it
C.D.A. en de V.V.D. dizze besunigings te fier gean fine, wêrtroch
de regearingsmaatregels fierder önder druk komme te stean.
Wy hoopje dat dit liedt ta feroaring, nammenstemear omdat der
goede alternativen binne.
Alternativen dy't trochrekkene binne troch it Nasjonaal Planburo
en dy't net liede ta in fersterke twadieling tusken de riken en
de earmen yn ûs maatskippij.
En dat bringt ûs werom nei de gemeente.
Want ek dêr ha sosialisten sjen litten tsjin de ferdrukking yn
wurkje te kinnen oan de fersoarchingssteat
- Essinsjeel dêrby is dat minsken it dwaan moatte:
boargers, ferienings, wethâlders, amtners, âlderen, jongeren.
Wy kinne fêststelle dat dat yn Boarnsterhim bart op ferskate
méden.
- De grutte iepenheid en iepenbierheid fan Boarnsterhim is unyk.
Dit hat as gefolch dat der in sterke belutsenheid is by it
gemeentlik barren, foar alle goede saken en foar alle foute
saken.
En dat jout de gemeenterie de kâns om mei de boargers saken
by te stjoeren, te feroarjen of óf te wizen.
- Wy hoopje mei dit iepen belied troch gean te kinnen, wêrby
der - nést de besteande saken - romte is foar
frouenemansipaasje, foar lykweardigens fan it Frysk, foar in
kritysk miljeu- en enerzjybelied.
Spesiale oandacht dêrby ferstjinnet de bondeling fan de Mavo
te Grou mei de iepenbiere skoallemienskip Mavo-Lhno te Akkrum.
No trochgean en net ôfwachtsje oant der in folgjende driging
öntstiet
Midden Fryslân kin dan mei it each op de takomst besykje it
fuortset önderwiis te ferbreedzjen.
Ta beslût, achte oanwêzigen, is der op'e nij diskusje oer it
personiel.
Dat freget nochal wat fan de minsken.
Krekt in weryndieling achter de rêch en no is men al wer
dwaande
0004V 3