-4- De oarsaken binne dödlik: a. it ynspyljen op nije fragen; b. de ynfiering fan de automatisearring c. it byelkoar bringen ta ien gehiel fan alle byelkoar hearrende beliedssaken. Krekt as by de werynindieling hâldt dat foar de P.v.d.A. yn dat der nimmen twongen wurde sil syn of har arbeidsplak te ferliezen. Wy freegje lykwols wol de ynset om eventueel in wer- of in byoplieding te folgjen. Om fierder te gean foar de boargers fan Boarnsterhim. Wy hawwe dêryn alle fertrouwen, foaral as de meisizzenskip fan de wurknimmers fersterke wurdt. Want troch ús personiel binne der in protte goede prestaasjes levere; ik neam: - it ynspyljen op de eigen automatisearringin muoilik begjin, mar it wurdt meielkaor wiermakke; - de tsjinstferliening oan de boarger. In protte goede berjochten berikten ös dêroer. Wylst ek de earder neamde iepenheid de ombudsfunksje fan de riedsleden ynhâld jout; - de presintaasje fan dizze begrutting. In geweldige presintaasje. In kompliment foar alle ôfdielings en seker de ôfdieling finânsjes - it direkte oerlis tusken gemeentewurken en pleatslike belangen. In soad karweien: strjitmeitsjen, in gehandicaptenoanpassing, plantsoenwurk, riolearringsherstel ensf. binne it gefolch; - de direkte eigen ferantwurlikens fan de ôfdielings: bermmeanen hat önderwilens in kostpriis dy't troch de frije merk net helle wurde kin. Sy levert dêrmei it bewiis dat effisjent wurkjen net in saak is fan it bedriuwslibben allinne; - dat bewiis foarsitter, hie de reinigingstjinst allang levere. De kontainers mei dan privatisearre wêze, tsjin jiskepöden kin de I.B.A. net op. En as de minsken har sin krije, dan giet it kontainerbarren op termyn werom nei de gemeente. Underwilens is troch harren it idee yntsjinne om de nije reinigingsauto al yn 1987 oan te skaffen en dêrnêst de auto dy't se no ha, as "stand by" te brûken foar in diel dat no útbestege is. It finansjele foardiel fan de gemeente sil 25 30.000, per jier bedrage. Foarsitter, ik hâld op. It sil dödlik wêze dat dit wurkklimaat ek alinne mar kin mei jo kolleezje. 0004V 4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 7