-9-
17. Voorstel tot medewerking aan de uitvoering van de
llgplaatsenverordenlng Friesland.
De hear Nleuwdam seit dat de saken dy't doedestllds troch de rie
oandroegen binne net honorearre binne. Allinne op in minder
wichtich punt is de provinsje us temjitte kaam. Dat is spitich
omt de punten dy't oanjûn binne it net fertsjinje om dnder yn it
laad op it provinsjehus te belânjen.
De gemeente hat dan wol mear foech krigen by de utfiering fan de
lisplakkenoardering mar tagelyk binne dan ek alle kosten foar
rekken fan de gemeente.
Mei it each op'e finansjele posysje fan de gemeente is it net
drekt de oardering west dêr't oer diskusearre is mar wiene it de
finansjele konsekwinsjes. Sjoen it grutte leger fan boaten
likernôch 17 persint fan'e lisplakken leit yn Boarnsterhim,
betsjut de utfiering fan'e oardering nochal wat wurk. De fraach
is dan: wa sil dat betel je? Yn Tyts jerksteradiel is men op in
kostenplaatsje fan sa'n twa ton utkaam.
Syn fraksje fynt it utstel net kompleet omt it sifermateriaal,
wat us gemeente oanbelanget, Ûntbrekt.
Hy stelt dan ek ut om wol mei it kolleezje utstel mei te gean
ûnder betingst dat de kosten budzjettêr neutraal binne.
De provinsje sil meigean moatte troch in fergoeding fan de
kosten te jaan. De kosten fan utfiering moatte op koarte termyn
berekkene wurde en oan'e rie meidield wurde.
As de provinsje net omlyk wol dan moat men seis de oardering mar
utfiere.
As léste freget hy oft de rekrëative wenarke ek yn'e regeling
beflapt is.
De hear Van den Bosch seit dat syn fraksje fan betinken is dat
de finansjele bydrage fan de provinsje mar minimaal is. As der
dus wat realiseare wurdt, kin dat mar hiel ienfâldig wêze.
Boppedat soe it wêze kinne dat de minsken foar sa'n lisplak
navenant in protte betelje.
Syn fraksje is fan miening dat de provinsje bést wat rojaler
wêze kind hie. It giet dan ek wat fier om ta te sizzen dat der
oan de utfiering fan dlzze oardering meiwurke wurde sil.
Lykwols is syn fraksje wol fan miening dat der wat oan'e
wyldgroei fan lisplakken dien wurde moat.
De hear Stalllnga kin him oanslute by itjinge de hear Nieuwdam
sein hat.
De hear Van der Baan seit dat hoewol't der in regeling leit de
finansjele ûnderbouwing ûntbrekt, wylst de utfiering fan'e
oardering wol ôfhinklik is fan it jild. As der net in bettere
ynfolling fan it finansjele plaatsje komt tinkt hy dat de
oardering net goed utfierd wurde kin.
It hat dan ek net sa'n protte doel en nim it utstel oan.
Mooglik is itjinge de P.v.d.-fraksje utstelt in oplossing. Hy
freget wat it kolleezje dér seis fan tinkt.
Wethâlder Breeuwsma seit dat de rie net sa dwaan moat as is it
in probleem fan'e provinsje. It is wis wol in grutte swierrich-
heid yn Boarnsterhim. In stikmannich gemeenten is al dwaande
west mei de sanearring dêr't wy aanst de belijelûkers fan plôkje.
Dernjonken rinne us jachthavens stadichoan mear leech.
Hy is it mei de sprekkers iens dat de utfiering fan'e oardering
budzjettêr neutraal wêze moat.
nm iv q