- 15 - 17Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet voor de aanleg van rioleringen en weaverbeterinaen c.a. op het in dustrieterrein Spikerboor te Akkrum. Idem. 18Voorstel tot het vaststellen van een viertal voorbereidings- besluiten op grond van artikel 21 van de Wet op de Ruimtelijke Ordening. Idem. 19Voorstel tot het nemen van een beslissing op het beroepschrift van de heer P. Rodenburg te Wartena tegen de weigering van een bouwvergunning. Idem. 20Voorstel tot het ongegrond verklaren van een beroep van de heer R. Bouma tegen het weigeren van een bouwvergunning en het wei geren van de gevraagde vergunning. Bij de behandeling van dit punt neemt de heer G. Bouma niet deel aan discussie en stemming. De hear Bethlehem fynt it tige spitich dat it kolleezje mei dit útstel komt. De hear Bouma freget in útwreiding fan 50 m2 op eigen grûn. Dizze útwreiding is nedich om it bôle- en banketdiel yn'e bakkerij te skieden sadat der ekonomysker wurke wurde kin. As de bakkerij bygelyks op it industrieterrein setten wurde soe, soe dat saaklik besjoen in efterútgong wêze. Dat de iepen romte oantaast wurdt is yn sekere sin wier mar de funksje fan plein giet troch dit bouplan net ferlern. It grutste part fan syn fraksje soe dan ek wol in boufergunning ferliene wolle. De heer Van den Bosch seit dat syn fraksje om in tal redenen fan miening is dat de boufergunning ferliend wurde moat. De wurk- flier yn'e bakkjerij wurdt no net optimaal brûkt, sjoen de romte dy't nedich is foar de 9 minsken dy't dêr wurkje. Hij stelt de fraach oft it kolleezje dizze bou-oanfraach wegerje kin en gean dêrtroch hielendal foarby oan it wurkgelegenheidsaspekt. Syn fraksje hat de yndruk krigen dat de wurkgelegenheid hjir net de earste prioriteit kriget. De motivaasje foar de ôfwizing fan de boufergunning fynt syn fraksje net terjochte. De hear Dotinoa is it wol iens mei it kolleezje. De motivaasje oangeande it oantal kante meters en dat Bouma nei in oare lokaasje moat fynt hy net terjochte. Wethâlder Breeuwsma seit dat it kolleezje wol mei dit plan yn'e mage sitten hat. Hy seit dat der net foarby gien is oan it wurk gelegenheidsaspekt en hy seit dat it foar de wurkomstannichheden ek better is dat de bakkerij útwreide wurdt mei 100 as 150 m2. 50 m2 liket him foar it kreëarjen fan in bettere wurkromte mar laapwurk. Hoewol't dit fansels wichtige fasetten binne fynt it kolleezje de oerwaging dat it giet om wiziging fan in bestimmingsplan dat krekt yn 1984 rjochtskrêft krige, it wichtichste. De oanbelang- jenden hawwe de kans op ynspraak hân. As in wiziging net folie fan gefolgen hat foar tredden en foar it wengebiet is it net sa slim in boufergunning te ferlienen troch earst it bestemmings plan te wizigjen. 0015V 15

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 18