GEMEENTE BOARNSTERHIM 19. Utstel oangeande in oantal fersiken om meiwurking te ferlienen fan de feriening foar "Christelijk Natio naal Schoolonderwijs" te Akkrum. Oan de gemeenteried. Grou, 4 septimber 1987. It bestjoer fan de feriening foar "Christelijk Nationaal Schoolonderwijs" te Akkrum hat in oantal fersiken om meiwurking op grûn fan kêst 74 fan de Wet op it Basisûnderwiis foar: a. meubilêr en oare ynrjochting foar de mienskips- en dokumintaasje- romte foar in bedrach fan 24.000, b. oanpassing fan kezinen en isolaasje foar in bedrach fan 4.800,—; c. de bouw(wiziging) fan in muorke foar in bedrach fan 2.150, d. ferfanging fan c.v.-ynstallaasje (tsjettel, liedings, kachel direksjekeamer e. ferfanging fan flierbedekking. Boppeneamde saken binne min ofte mear in gefolch fan de yntegraasje- ferbouwing fan de Ds. Hasperskoalle no't dy útwreide wurdt. Troch it Ryk is in fergoeding takend fan 20.000,boukundige foarsjenning en ien fergoedingsien- heid ferfangende nijbou (beskikking 11 novimber 1985). De fergoeding is basearre op de Oergongswet Wet op it Basisûnderwiis It bestjoer fan boppeneamde feriening is fan betinken dat neist it kredyt dat beskikber steld is troch jim ried 21.05.1985) foar bou- en ynrjochtingskosten der noch in oantal saken needsaaklik binne. Yn in oantal gefallen wurdt dy needsaak troch ús ek wol ûnderstreke. Bliuwt noch oer de fraach at de gemeente de needsaaklike foars jennings finansierje moat of dat soks in saak is foar boppeneamde feriening. Neffens de feriening foar "Christelijk Nationaal Schoolonderwijs" is foar meubilêr en ynrjochting fan in mienskipslokaal in bedrach fan 24.000,nedich. De ynrjochtingsfergoeding ferfangende nijbou fan it Ryk is lykwols mar 3.023, De kâns dat dat bedrach ferhege wurde sil is nihil, neffens amtners fan it ministearje fan ûnderwiis en wittenskipppen. Wy hawwe begrepen dat it net giet om ferfanging meubilêr, dêr't it by kêst 74 fan de wet op it basisûnderwiis om giet, mar om it op'en nij ynrjochtsjen fan it mienskipslokaal. Wy stelle jim dan ek út de meiwurking op grûn fan kêst 74 W.B.U. net te ferlienen. Dat foar de ynrjochting fan it mienskipslokaal in bedrach fan op syn heechst 3.023,beskikber steld wurde sil neffens de ryksfergoeding ferfangende nijbou. Yn it skoaljier 1983/1984 binne oan de Ds. Hasperskoalle ferskate enerzjy-útsparjende maatregels útfierd. Wat it oantal learlingen oangie wie men sa optimistysk dat útwreiding mei ien lokaal der mei de tiid wol yn siet. ad. a. ad. b. 0014V 53

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 65