-2- Mei it each op de mooglike oanbouwing fan in lokaal waard de rútmuorre fan ien lokaal dêrom net isolearre. Yn it ramt fan de yntegraasje fan it beuker- en leger ûnderwiis is troch it ministearje tastimming ferliend it gebou mei ien lokaal út te wreidzjen. Dat lokaal is der lykwols sa byboud, dat de besteande rútmuorre bestean bliuwe koe. It bestjoer wol dêrom no de rútmuorre fan dat lokaal noch oanpakke. It giet om it isolearjen fan de kezinen en it oanpassen fan de beglêzing. Dêrmei is in bedrach fan 4.800,muoit. In subsydzje fan it ministearje fan folkshúsfesting romtlike oardering en milieu (V.R.O.M.) is sjoen de hichte fan de ynfestearing net mooglik. Ek in fergoeding fan it ministearje fan ûnderwiis en wittenskippen sit der net yn. De maatregels falie net ûnder it program fan easken enerzjy-útsparjende maatregels. Wy binne lykwols fan betinken, dat it út esthetysk eachpunt wei besjoen needsaaklik is dat de oan te bringen foarsjenning oanslút by de besteande foarsjenning. Wy stelle jim dêrom dan ek út dat de gemeente 50 persint fan de kosten fan isolaasje foar syn rekken nimt. De kosten ad 2.400, kinne betelle wurde út it "energiebesparingsfonds". ad. c. Foar it wizigjen en it op'en nij bouwen fan in muorke wurdt in bedrach fan 2.150,needsaaklik fûn. Der is no ek al in muorke dat bedoeld is as skieding fan it skoalplein en it gêrs- en boartersfjild. De tastân fan it 50 cm hege muorke is sadanich dat it oan fernijing ta is. Wy binne lykwols fan betinken dat it muorke net in foar it ûnderwiis needsaaklike foarsjenning is. Wol de feriening it muorke opknappe, dat sil dat mei eigen middels bekostige wurde moatte. Wy stelle jim dan ek út om de meiwurking foar it wizigjen en op'en nij bouwen fan in muorke net te ferlienen. ad. d. De c.v.-ynstallaasje fan de Ds. Hasperskoalle is net al te bést mear en eins oan ferfanging ta. No't de skoalle dochs yn de ferbouwing sit, is mei it bestjoer fan de feriening êfpraat om de c.v.-ynstallaasje fuortdaliks te ferfangen. It giet ûnder oaren om de ferfanging fan in tsjettel. Kar út in gewoane as in hege rindemintstsjettel (HR-tsjettel) is mooglik. Mei in HR-tsjettel kin noch súniger stookt wurde, mar dy tsjettel is dan ek 13.560,djöerder b.t.w. net meirekkene). De jierlikse besparring op it gasferbrûk wurdt besifere op 1.035,Dat foardiel komt terjochte by de feriening. Utgongspunt foar de gemeente is in gewoane tsjettel. Kiest de feriening foar in HR-tsjettel, dan draait de feriening foar de mearkosten op. Wol is nei alle gedachten in SVEN-subsydz je mooglik. Dêrnjonken moat de kachel yn de direksjekeamer ferfongen wurde. Dêrmei is in bedrach muoit fan 970, Fierders moatte de liedings ferfongen wurde. Troch ús is yn oerlis mei it bestjoer fan de feriening keazen foar de goedkeapste oplossing (liedings ûnder de grûn). De kosten wurde rûsd op 24.770, 0014V 54

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 66