-3- Sûnt 1 augustus 1985 (W.B.U.) fait ferfanging/fernijing fan c.v.-ynstallaasje, flier- en dakbedekking ûnder it program fan easken technysk ûnderhâld. De gemeente krijt fan it Ryk dêrfoar in noarm-fergoeding. De bysûndere skoalbestjoeren kinne by de gemeente om meiwurking (kêst 74 W.B.U.) freegje foar ferfanging- en fernijing fan boppeneamde saken. Lykwols ûnder de Leger-ûnderwiiswet 1920 wie dat oars regele. Wannear't doe saken as it ferfangen fan de C.V.ynstallaasje, flier en dakbedekking barre moast, moasten de bysûndere skoallen dat yn begjinsel seis bekostigje. Se krigen dêrfoar yn it bedrach de learling (kosten fan ynstânhâlding) in jierlikse fergoeding fan de gemeente. Foar ferfanging fan de c.v.-ynstallaasje en sa, koene de bysûndere skoallen reservearje. Pleatslik waarden wolris oare ófspraken makke. Ferfanging fan in dak of flier fan in iepenbiere skoalle waard dan buten it bedrach de learling halden. Wannear't in bysûndere skoalle oan in soartgelikense ferfanging ta wie, waard dat bekostige troch de gemeente. Dat systeem waard lykwols net yn de eardere gemeente Utingeradiel folge. Dat hâldt yn, dat de Ds. Hasperskoalle jierren lang reservearje koe foar ferfanging fan de c.v.-ynstallaasje. Wannear't de gemeente no de folsleine meiwurking ferliend, soe dat ynhâlde dat der dubel betelle wurdt en dat soe stridich wêze mei de normale easken oan it jaan fan ûnderwiis te stellen. Dizze problematyk is yndertiid ek sinjalearre troch de kommisje Londo Lykwols "gelet op de weerbarstige aard van een eventuele overgangsregeling heeft de werkgroep (Londo) hiervan afgezien" (side 29 Londo-rapport) No't de bysûndere skoallen foar ferfanging fan earder neamde foarsjennings jierrenlang reservearje koene, stelle wy jim út de meiwurking foar in part te ferlienen. Fanôf 1985 oant no ta hat de gemeente 2 jier reservearje kinnen. De ófskriuwingstermyn fan in c.v.-ynstallaasje is 20 jier. Wy stelle jim út 2/20 fan 13.480,1.348,(tsjettel), 2/20 part fan 970,97,(kachel direksjekeameren 2/20 part fan 24.770,2.477,(liedings), totaal f 3922beskikber te stellen. ad. e. Foar de ferfanging fan flierbedekking jildt itselde ferhaal as de ferfanging fan de c.v.-ynstallaasje. Troch de feriening is om in kredyt fan 10.500,frege foar de ferfanging fan flierbedekking yn 5 lokalen. Wy binne fan betinken, dat de flierbedekking yn 4 lokalen noch net ferfongen hoecht te wurden. De flierbedekking yn it beukerlokaal is lykwols sa min, dat ferfanging needsaaklik is. De kosten dêrfan wurde troch ús besifere op 2.500, Ek foar ferfanging fan de flierbedekking koe it skoalbestjoer jild reservearje. De ófskriuwingstermyn fan flierbedekking is 20 jier. 0014V 55

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 67