GEMEENTE BOARNSTERHIM 20. Utstel oangeande it tastean en ôfwizen fan oanfragen op grûn fan kêst 74 fan de wet op it basisûnderwiis yntsjinne troch it bestjoer fan de Sint Radboudskoalle te Jirnsum (bysûndere basisskoalle) Oan de gemeenteried. Grou, 4 septimber 1987. It bestjoer fan "de stichting rooms katholiek onderwijs Sint Radboud te Jirnsum" hat koartlyn in trijetal oanfragen oan jimme ried rjochte om op grûn fan kêst 74 fan de Wet op it Basisûnderwiis meiwurking te krijjen foar: a. it op'e nij stoffearjen fan it meubilêr yn'e dosintekeamer b. it ferfangen fan de flierbedekking yn guon lokalen; c. it ferfangen fan de sinneskerms, dy't yn twa lokalen oanwêzich binne. Neamde oanfragen lizze foar jimme by de riedsstikken op besjen, en slaan op'e eardere beukerskoalle yn Jirnsum, dêr't de Sint Radboudskoalle yn koarten yn ûnderbrocht wurde sil. Yn it ramt fan de ynrjochting fan de "nije" Sint Radboudskoalle merke wy op, dat inkelde jierren tebek oerien kommen is, dat de ynventaris/ûntwikkelingsmateriaal fan de iepenbiere beukerskoalle "Beukerwille" te Jirnsum yn ûnderling oerlis ferdield wurdt oer de beide basisskoallen - de iepenbiere- en de bysûndere basiskoalle - yn Jirnsum. Derby is ek bepaald, dat, wat it oantúgjen fan de ynventaris foar de ûnderbou (eardere beukerôfdieling) fan de Sint Radboudskoalle oanbelanget, yn it foarste plak besjoen wurde sil yn hoefier de nedige ynventaris oanfold wurde kin mei de noch brûkbere ynventaris, dy't eigendom fan'e gemeente is. Yn dat ferbân ferwize wy nei jimme beslút fan 20 augustus 1985, nûmer d.35. Mei achtslaan fan dat beslút hat út petearen met it bestjoer en it personiel fan de Sint Radboudskoalle bliken dien, dat oanfoljend noch boartersmateriaal foar de ûnderbou fan de skoalle oantugd wurde moat. Under ferwizing nei de oanbe lang jende begruttings, dy't ek by de riedsstikken op besjen lizze, giet it derby meielkoar om in bedrach fan 9.516,56. Dêrnjonken is meubilêr nedich foar it ynrjochtsjen fan de mienskipsromte, dêr't de Sint Radboudskoalle oan no ta net de beskikking oer hie. It giet dêrby om in bedrach fan meiinoar 8.735,sa't út'e oanbelangjende begrutting bliken docht. Fierders is it nedich, dat noch inkelde buorden oanskaft wurde. Op grûn de fan de saneamde Londo-noarm kin dêrfoar in bedrach fan folslein 2.478,beskikber steld wurde. 0014V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 69