- 2 - Wat it stoffearjen fan it meubilêr yn'e dosintekeamer oanbelanget, merke wy op, dat dat plak fine moat binnen it bedrach fan 3.023,dêr't de gemeente yn it ramt fan it bekostingsstelsel basisûnderwiis op rekkenje mei fan it ryk (ynrjochtingskredyt foar de mienskipsromte) Fierder achtsje wy ferfanging fan de flierbedekking yn twa besteande lokalen net needsaaklik, omdat dy noch ridlik is. Sa't út de oanfraach fan it skoallebestjoer bliken docht, wol men de sinneskermen, dy't yn'e lokalen oanwêzich binne, oanfolje mei sinneskermen bûtendoar. Omdat it oanbringen fan dûbele sinneskermen net yn it Londosysteem past, kin dêrfoar gjin meiwurking jûn wurde troch de gemeente. Gearfetsjend stelle wy jimme út op grûn fan kist 74 fan de wet op it basisûnderwiis it bestjoer fan de Sint Radboudskoalle yn Jirnsum meiwurking te ferlienen foarsafier it oantúgjen fan boartersmateriaal 9.516,56), meubilêr 8.735,en skoalbuorden 2.478,oanbelanget. Folslein omfiemet dat in bedrach fan 20.729,51 of ferhege mei 20% b.t.w. 4.146,05) 24.875,61. Omdat mei it tastean fan de oanfragen, neamd ûnder a, b en c, "de normale eisen aan het geven van onderwijs te stellen" te boppe gien wurdt, advisearje wy jimme dy of te wizen. Foar it op'e nij stoffearjen fan it meubilêr yn'e dosintekeamer (a) in bedrach fan op syn heechst 3.023,beskikber te stellen foar safier't dêrmei de folseine útjefte foar útwreiding en oanpassing fan it eardere beukerskoallegebou net boppe de ryksfergoeding 183.000,ynkl. b.t.w.) giet. Wy stelle jim út oangeande it ien en oar in beslút te nimmen, wêrfan it ûntwerp foar jimme kolleezje by de riedsstikken op besjen leit. Boargemaster en wethêlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop. 0014V 62

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 70