GEMEENTE BOARNSTERHIM 21. Utstel om gjin meiwurking te fer- lienen oan de feriening foar "Christelijk Nationaal Schoolonder wijs" te Tersoal foar it oantúgjen fan skoalboerd (muorreskoboerd) Oan de gemeenteried. Grou, 4 septimber 1987. Fan it bestjoer fan de feriening foar "Christelijk Nationaal Schoolonderwijs" fan Tersoal is it fersyk ynkommen om meiwurking te ferlienen op grûn fan kêst 74 fan de Wet op it Basisûnderwiis (W.B.U.) foar it oantúgjen fan in skoalboerd. Foar takommend skoaljier leit it yn de bedoeling om de groepen 3 en 4 te húsmanjen yn de mienskipsromte. Yn dat lokaal sit wol in skoalboerd, mar dat is in fêst boerd dat net ferstelber is. En benammen dat léste wurdt foar de jongere learlingen as in beswier sjoen. Dêrfandinne dat no by de gemeente oankloppe wurdt om jild beskikber te stellen foar in muorreskoboerd. De bysûndere skoalle hie leaver in lokaal der by hên, mar dat siet der net yn. It skoalgebou fan Tersoal is yn 1982 as nij yn gebrûk nommen. By de bou is útgien fan in trije-klassige skoalle 3 lesromten 1 mienskipslokaalMei yngong fan 1 augustus 1983 binne de 4- en 5 jierrigen (beukers) op grûn fan de Ferrommingswet mei it each op de yntergraasje beuker- en legerûnderwiis, ek talitten. Dêrmei wiene der 4 ferplichte learkrêften oan de skoalle ferbûn. Mei de beukers der by, moast it mienskipslokaal ek as ûnderwiisromte brûkt wurde. Yn 1984 kaam de feriening mei in fersyk om meiwurking op grûn fan kêst 72 fan de Leger-ünderwiiswet 1920 foar it oantúgjen fan in skiedingsmuorre, oan te bringen yn it mienskipslokaal. Dêrmei soe dan in lesromte foar de heechste groepen ôfskerme wurde fan de dokumintaasjehoekeOp dat momint wie der gjin lange termyn (15 jier) learlingeprognoase foar hannen, in prognoase fan 5 jier wie der wol. De meiwurking waard ferliend (riedsbeslút 20 novimber 1984) om't dy lést neamde prognoase útwiisd dat in fjirde groep der mooglik wol yn siet. Boppedat spile mei dat mooglike boppetallige learkrêften yn elts gefal oan de skoalle stean bliuwe koene oant 1 augustus 1988, ûnderwilens ferlingd oant 1 augustus 1990. De ûntjouwing fan it oantal learlingen is lykwols wat oars útpakt as dat de ferwachting wie, sa't ek út it beslút fan it ministearje fan Underwiis en Wittenskippen (brief fan 1 april 1987) bliken docht. By it ministearje fan Underwiis en Wittenskippen is middels it oersicht fermeardering Húsfesting 1987 - 1990 (riedsbeslút 17 juny 1986) fersocht om útwreiding fan de besteande húsfesting yn Tersoal mei ien lokaal. Neffens it ministearje fan Underwiis en Wittenskippen wie de lange-termyn learlingeprognoase fan de gemeente (1984) te optimistysk. De ferwachting dêr wie dat it oantal learlingen fan run de 70 de kommende jierren noch wol sak je soe en yn gjin gefal mear tanimme sil ta in oantal dêr't de prognoase fan de gemeente fan út giet (groei nei 84 learlingen yn 1999). Ek wy binne fan betinken dat dy prognoase wat te optimistysk is. nm a.\7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 71