-2- In fjirde lokaal sit der dan neffens it ministearje ek net yn. Seis in tydlike foarsjenning op grûn fan haadstik IV fan it húsfestingsbeslút W.B.U. is net mooglik. Kriterium dêrfoar is dat wol men yn oanmerking komme foar in (fjirde) tydlike ûnderwiisromte it saneamde "weage oantal learlingen" yn elts gefal trije jier lang 78 learlingen wêze moat. It "weage oantal learlingen" foar it kommend skoaljier is 74 learlingen. Al mei al komt it der op del dat de bysûndere basisskoalle fan Tersoal rjocht hat op in boarters/wurklokaal, 2 lesromten foar de 6-12 jierrigen en dêr oer hinne noch in mienskipslokaalDy romte is der, sadat alle groepen húsfeste wurde kinne sûnder dat de mienskipsromte nedich is. Oanpassing fan it mienskipslokaal foar in fjirde groep keallet nochal swier om't it ministearje dêrfoar gjin fasiliteiten beskikber stelt. Om't yn it mienskipslokaal al in fêst)skoalboerd oanwêzich is, binne wy fan betinken dat de meiwurking net ferliend wurde kin. Wy stelle jim dan ek út om gjin meiwurking te ferlienen oan it fersyk fan de feriening foar "Christelijk Nationaal Schoolonderwijs" te Tersoal om op grûn fan kêst 74 W.B.U. in skoalboerd (muorreskoboerd) oan te túgjen. Boargemaster en wethâlders boppeneamd, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop. 0014V 22

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 72