-7- De provinsje kin it útsmarren oer 25 jier goedkarre sjoen it feit dat der al hiel wat hart is om it grûnbedriuw sûn te meitsjen. Hy wol der leaver op ta dat it tekoart flugger ôfskreaun wurdt as yn 25 jier mar dan trochdat dat mooglik is omt der in soad grûn ferkocht wurdt. Mefrou Faber freget wannear as it kearpunt sichtber wurdt yn dizze ûnfoardielige gong fan saken fanút it grûnbedriuw. Wannear komt it op ús ta? It liket har goed dat dêr ris wiidweidich yn'e ôfdieling oer praat wurdt. De hear Van der Baan fynt dat goed foar eagen halden wurde moat dat net allinne dit jier sa'n grut bedrach út'e middels helle wurdt mar dat dat alle jierren oan wer barre sil. It tekoart kin yn '86 en '87 ek noch wol oprinne en dan wurdt dat bedrach allinnich mar grutter. Hy wol fêsthâlde oan wat der yn'e behearsferoardening stiet sadat ek de maatregels nommen wurde dy't op dit stuit needsaaklik binne om dy tekoarten fuort te wurkjen. Hy fynt it in nuodlike saak dat tekoarten fuortwurke wurde oer sa'n lange termyn fan 25 jier. De boargers meie ek wol witte wêr't de gemeente stiet. Troch de termyn fan 25 jier te brûken wurdt de saak oersljochte en liket it sa slim net te wezen. Wethâlder Breeuwsma seit dat yn in mienskiplike gearkomste fan 2e en 4e ofdieling dit ûnderdiel bepraat wurde sil. Der kin dan praten wurde oer hokker maatregels der nommen wurde kinne om it tekoart nei ûnderen te bringen. Der sil yn elts gefal besocht wurde moatte op dy plakken dêr't bougrûn klear leit foarut te bouwen, lykas no ek al bart. Yn'e takomst moat ek tige foarsichtich omgong wurde mei it opsetten fan lytsskalige projekten, omt dat de gemeente in protte jild kostet. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten, met de opmerking dat de meer inhoudelijke kant in de afdeling besproken zal worden. 11. Voorstel tot vaststelling van het rekening-courant krediet en het machtigingsbesluit kasaeldleninen voor het iaar 1988. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 12. Voorstel tot het machtigen van burgemeester en wethouders tot het aangaan van vaste geldleningen. De hear Van der Baan fynt it frjemd dat de rie eat delegeart mar wol de ferantwurdlikheid hâldt. Op hokker wize moat soks eins besjoen wurde? Mefrou Faber tinkt dat it tige wichtich is dat der in effisjint behear fan finansjele middels plakfynt. Hja hat dan ek alhiel gjin muoite mei dit útstel. 0023V 7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 29