-12- It liket him ta dat bedriuwen dy't harren hjir fêstigje alle meiwurking krije. Faak krije hja ek noch in W.IR.preemje. In bydrage út it wurkgelegenheidsfûns moat direkt oantoanber nij wurk opsmite. Wethalder Breeuwsma seit dat it earst de bedoeling wie de koarting op it grünbedriuw te ferheljen. De provinsje attindearre der op dat dat net yn oerienstimming is mei de yntinsje fan it kolleezje om troch dizze stipe de wurkgelegenheid te stimulearjen. It giet hjir om in jong bedriuw dat nochal in aardich risiko nimt. Der sille 6 minsken yn tsjinst nommen wurde. It kolleezje fynt dit soarte aktiviteiten fan belang; de wurkgelegenheid wurdt grutter en dêrom past it wol dat der in bydrage út it wurkgelegenheidsfûns jûn wurdt. De hear Van der Baan sjocht it direkte ferbân net sa. Hy tinkt dat dizze 30.000,der net ta dwaan sil oft dit bedriuw him hjir fêstiget. Wethalder Breeuwsma seit dat dizze ûndernimmer in grut projekt opset dêr't letter mear as 6 minsken wurkje kinne. It kolleezje hechtet tige oan dizze ûntwikkeling en mient dat yn dit gefal in bydrage út it wurkgelegenheidsfûns op syn plak is, Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. Voorstel tot verbouw- en uitbreiding van de scholengemeenschap "Mid-Fryslân" te Akkrum (gebouw voormalige mavo). Mefrou A. Ziilstra seit dat hja tige bliid is dat dit plan der no leit. Troch gearwurkjen fan skoalle, kolleezje en amtners is dit in tige slagge ûndernimming wurden. Hja hopet dat der mei gauwens mei de ferbouwing begûn wurde kin. Mefrou Watzema fynt dat dit útstel noch in fleurich ein oan dizze gearkomste jout. Aanst hat ek it L.H.N.0. in moai plak om te wurkjen en dat docht har deugd. Lest best, sa sein. Wethalder Bloem is bliid mei de opmerkingen fan de froulju Zijlstra en Watzema. Hja is der tige wiis mei dat it dochs slagge is. Dat is foar in grut part te tankjen oan de fûleindige ynset fan in oantal minsken, dy't hja dêrfoar tanksizze wol. Hja hopet dat yn Akkrum noch hiel lang fuortset ünderwiis wêze sil. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. De voorzitter sluit hierna om 21.40 uur de vergadering onder dankzegging voor de bijdrage aan de besluitvorming. 0023V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 34