GEMEENTE BOARNSTERHIM 23. Utstel oangeande it fersyk fan de Permaninte Kommisje Frysk yn it ûnderwiis (P.K.F.) om it ûnderwiis yn it Frysk yn alle skoalletypen te befoarderjen. Oan de gemeenterie. Grou, 4 desimber 1987. Op 22 jannewaris 1986 hawwe Provinsjale Steaten fan Fryslân de Permaninte Kommisje Frysk yn it ûnderwiis (P.K.F.) ynsteld mei it doel om it ûnderqiis yn it Frysk yn alle skoaltypen te befoarderjen. De kommisje sil benammen soarqje foar de koördinaasje fan alle aktiviteiten, dy't ûndernommen wurde foar it Frysk yn it underwiis. It giet derby om it op elkoar ôfstimmen fan it belied fan de ferskillende oerheden; dat fan de begeliedingstjinst, de ynspeksjes en de opliedingsynstituten en dat fan learmiddelprodusinten en learmiddelbrûkers De kommisje tinkt nije plannen út, nimt de foarstap om dy ek klear te krijen en stimulearret ûntwikkelings, dy't geande binne. Fierder jout de kommisje advys oan Deputearre Steaten oangeande (it ynfieren fan) Frysk yn it underwiis. Ta it oandachtsfjild fan de P.K.F. heart: a. de ûntwikkeling yn de skoallen en yn de ûnderwiisbegelieding; b. de Ontwikkeling fan learplannen en learmiddels; c. fasiliteiten foar it ûnderwiis yn it Frysk; d. foarljochting oer en undersyk nei it Frysk yn it underwiis. Om al dy taken goed te dwaan, is it nedich dat de P.K.F. regelmjittich kontakten ûnderhâldt en oerlis fiert mei it departemint fan underwiis en wittenskippen, it provinsjaal bestjoer, de ûnderwiisried en mei eventueel dy kommisjes en/of wurkgroepen, dy't har dwaande hâlde mei fasetten fan it Frysk yn en foar it ûnderwiis. Foar in goed advys kin it tige fan belang wêze kontakt te ûnderhâlden mei skoallen, skoallebestjoeren, âlderorganisaasjes, learaars en learare-organisaasjes. Doelen. It alaemiene doel, dat de P.K.F. neistribbet is dat it brûken fan Frysk yn it underwiis like gewoan wurdt as it brûken fan Nederlânsk en dat it fak Frysk in grutter en evenwichtiger plak kriget as oant no ta it gefal is, Op dy wize kin de twatalige mienskip beide offisjele talen har gerak jaan en wurdt de garânsje skepen, dat elke ynwenner fan de provinsje rûnom sûnder beheinings neffens eigen kar Frysk en Nederlânsk brûke kin. Neffens de P.K.F. wurdt it algemiene doel foar de ferskillende underwiistypen konkreet makke troch dieldoelen. Wat us gemeente oanbelanget kin yn dat ferbân it foarskoals underwiis, it basisûnderwiis, it fuortset underwiis en it folwoekseneunderwiis neamd wurde. Derby giet de P.K.F. út fan de folgjendes dieldoelen. 0023V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 66