-2- Yn it Foarskoals Underwiis wurdt der nei stribbe, dat Frysktalige bern opheind wurde yn it Frysk en dat yn it boartersplan oanjûn wurdt, hoe't it Frysk funksjonearret yn taalaktiviteiten en sosjale aktiviteiten. Yn it Basisûnderwiis hawwe alle learkrêften it foech Frysk en binne ek bekwaam om Frysk te brûken en te ûnderwizen. De skoallen hawwe yn har skoalwurkplan oanjûn hoe't Frysk en Nederlansk as fak en as fiertaai funksjonearje. De skoallen hawwe genôch learmiddels en goede kritearia om út te meitsjen hokker learmiddels yn de eigen taalsitewaasje gaadlik binne. Yn it Fuortset Underwiis wurdt yn de net-eksamenklassen Frysk in gewoan fak. Dêrfoar moatte genôch en gaadlike learmiddels beskikber wêze. It brûken fan Frysk as fiertaai wurdt fuortsterke. Wat it Folwoeksene-ûnderwiis oangiet, wurdt der nei stribbe, dat Frysk opnommen wurdt yn de basisedukaasje; it brûken fan Frysk yn de foarmingsaspekten wurdt gewoaner. Fierders jildt as dieldoel, dat Frysk in gewoan fak wurdt yn it dei-jûn-ûnderwiis Utgongspunten. De Permaninte Kommisje Frysk yn it underwiis giet der mei it each op it boppesteande fan út, dat alle ynwenners funksjonearje kinne en wolle yn de twatalige mienskip sûnder dat der ferlet is fan dûbeltaligens Sa hat eltse ynwenner fan de gemeente it rjocht neffens kar Nederlansk of Frysk te brûken yn alle maatskiplike omstannichheden, dus ek yn kontakt mei de gemeentlike oerheid. De gemeentlike oerheid seis hat it rjocht neffens kar Nederlansk of Frysk te brûken yn kontakt mei de boargers sa merkt de kommisje op. Yn ferbân dermei is de Permaninte Kommisje Frysk yn it underwiis fan betinken, dat it de taak fan it ûnderwiis is de ûntwikkeling fan de indifiduele learling te begelieden en dy learling op te lieden ta in folwaerdich funksjonearjen yn de mienskip en yn de twatalige maatskippij Yn de maatskippij hat de boarger formeel in frije taalkar; it underwiis moat der ta bydrage, dat dy frije taalkar ek yn de praktyk fan it deistich en maatskiplik libben funksjonearret. Dêrfoar is it nedich, dat alle learlingen oan de ein fan de learplicht Nederlansk en Frysk sa goed behearskje, dat sysels, mar ek oaren fan dy frije taalkar gebrûk meitsje kinne en wolle. It underwiis kin yn Fryslân dus net foarbygean oan de twa- en meartalige sitewaasje, mar moat dêrop oanslute en stribje nei bliuwende en folsleine twataligens; en nei in net-ûnderbrutsen ûntwikkeling fan de learlingen fan 4-16 jier. Oant safier de utgongspunten fan de P.K.F. Gemeentlike doelstellings en maatregels. Omdat de provinsjale oerheid seis mar in beheid foech hat om it Frysk yn it ûnderwiis te befoarderjen, en omdat de gemeentlike oerheid èn as oerheid èn as befoege gesach folie direkter ynfloed hat op de praktyk fan it underwiis, hat de P.K.F. in oersjoch makke fan mooglike gemeentlike doelstellings én beliedsmaatregels, dy't ek oanrikkenmandearre wurde kinne by befoege gesagen yn'e gemeente. 0023V 30

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 67