-4- Fierders kin de gemeente bygelyks mei help fan stúdzjefasiliteiten de learaars stimulearje ta it heljen fan de legere of de middelbere akte. 3. Wat it fuortset ûnderwiis oangiet, kin de gemeente mei de meisizzenkipsrieden op it nivo fan de wetjouwing de ryksoerheid oantrúnje Frysk op te nimmen yn de basisfoarming. Tagelyk kin de gemeente as befoege gesach de eigen skoallen útnoegje om ynfolling te jaan oan de foarstiene net-ûnderbrutsen ûntwikkeling en de fleksibele oergong fan basisûnderwiis nei fuortset ûnderwiis troch gebrûk te meitsjen fan de romte dy't artikel 11 fan de Wet op het Voortgezet Onderwijs jout yn de brêgeklasse; fierders kin de gemeente stimulearje ta it opnimmen fan Frysk as (fakultatyf) fak yn de net eksamenklassen en as eksamenfak. De gemeente kin stimulearje ta it brûken fan Frysk as fiertaal by ien of mear fakken yn ien of mear learjierren. Mei help fan stúdzjefasiliteiten kinne learaars stimulearre wurde om in A.F.U.K.-kursus te folgjen, de Leger Underwiis akte (oant 1989) of M.U.-akte te heljen. Op it kulturele mêd kin de gemeente spesjale toanielfoarstellings foar learlingen stypje en ek it meidwaan oan it FeRsitval. It FeRstival kin útgroeie ta in gemeentlike of regionale "Lângeanne" foar it fuortset underwiis, dêr't ek it sportive elemint syn gerak kriget. 4. Oangeande it folwoeksene-ûnderwiis kin de gemeente de boargers foarljochtsje oer en stimulearje ta it gebrûk meitsjen fan de mooglikheid fan Frysk yn de basis-edukaasje; oan it takennen fan subsydzje kinne as betingst kwaliteitseasken ferbûn wurde troch de gemeente: de lesjouwers soenen winliken it foech "Frysk yn de basisedukaasje" hawwe moatte. Fierders kin de gemeente stimulearje ta it brûken fan Frysk by it foarmingswurk en it opnimmen fan Frysk yn it dei-/jûns-ûnderwiis foar folwoeksenen De P.K.F. begrypt skoan, dat yn dat oersjoch maatregels neamd wurd dy't yn guon gemeentes al lang yn it gewoane belied opnommen binne; en dat oare maatregels noch net yn alle gemeentes yn oerwaging nommen wurde sille. It oersjoch is dan ek net bedoeld foar ien bepaalde gemeente, mar as rjochtline faor alle gemeentes om it eigen belied oangeande it Frysk yn it ûndewiis mei te fergelykjen en as in hânrikking om it belied foar de takomst stal te jaan. Utsoarte spylje pleatslike en regionale omstannichheden en tradysjes in rol by it foarmjaan en útfieren fan it belied; net alle maatregels sille yn alle gemeentes tagelyk útfierd wurde kinne. Der stiet foar oer, dat gâns stimulearjende maatregels troffen wurde kinne troch de gemeente en ek fertuten dwaan kinne sûnder dat dy ekstra jild kostje. 0023V 32

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 69