-6- Fierder wurdt yn it plan útsprutsen, dat op alle skoallen in wichtich plak foar it Frysk ynromme wurde moat, omdat it ûnderwiis rjochte wêze moat op ús eigen libbenswrald. Dat betsjut neffens ús, dat der nei stribbe wurde moat, dat it Frysk as fak en as fiertaai op'e skoallen yn ús gemeente syn gerak krije moat. Omdat alle bern yn Boarnsterhim te krijen ha mei de ûnmiskenbere Fryske libbenswrald, is it - om harren eigen rol der better yn spylje te kinnen - op syn minst winslik dat hja fia it ûnderwiis yn kontakt brocht wurde mei de Fryske taal en dêrmei mei de hiele Fryske kultuer. Om dy reden sil de ûntwikkeling fan de twatalige skoallen stimulearre wurde moatte. Dat haldt neffens ús yn dat sawol it Frysk as it Nederlânsk yn'e iepenbiere skoallen evenredige oandacht krije en dat oan'e ein fan it basis- en fuortsetûnderwiis alle learlingen Frysk ferstean, leze, prate en skriuwe kinne. Mei de P.K.F. binne wy dan ek fan betinken dat alle learlingen oan'e ein fan de learplicht Nederlânsk en Frysk sa goed behearskje moatte, dat sysels, mar ek oaren fan dy frije taalkar gebrûk meitsje kinne en wolle. Ek neffens ús kolleezje kin it ûnderwiis yn ús provinsje net foarby gean oan de twa- en meartalige situaasje, mar moat der op oanslute en stribje nei bliuwende en folslein twataligens en nei in net-ûnderbrutsen ûntwikkeling fan de learlingen fan 4-16 jier. Oant safier ús miening oangeande it Frysk yn it ûnderwiis. Foar neiere bysûnderheden oangeande it befoarderjen fan it Frysk yn it ûnderwiis ferwize wy jimme nei de ûnderskate stikken, dy't yn dat ferbân foar jimme by de riedsstikken op besjen lizze. Nei ús betinken is it winslik, wat de konkretisearring en it útwurkjen fan de maatrigels/rjochtlinen fan de Permaninte Kommisje Frysk yn it ûnderwiis oanbelanget dan ek de miening fan besteande ynstânsjes binnen it ûnderwiisfjild hifkje wurde. Wy tinke dan yn it foarste plak oan de Wurkgroep Underwiis Beliedsplan (KUB), it Mienskiplik Sintrum foar Underwiisbegelieding- Grou (stjoergroep/skoalgebelieder)it skoalledirekteurenoerlis en de ynspeksjes fan it basis- en fuortsetûnderwiis. Wy binne fan betinken dat it net winslik is fuortdalik in aparte wurkgroep yn it libben te roppen. Foar de folsleinens merke wy noch op dat oangeande it fêststellen of wizigjen fan it skoallewurkplan, dêr't it Frysk ek yn oanjûn wurdt, learkrêften en alden ek in wichtige funksje takind is. Gearfetsjend stelle wy jimme oangeande it boppesteande út: a. yn earste ynstânsje gjin aparte wurkgroep yn te stellen, mar yn it foarste plak de Wurkgroep Underwiis Beliedsplan (KUB), it Mienskiplik Sintrum foar Underwiisbegelieding-Grou (stjoergroep/ skoallebegelieder), it skoalledirekteurenoerlis en de ynspeksjes fan it basis- en fuortset underwiis nei harren miening te freegjen oangeande de konkretisearring en útwurking fan de maatrigels/rjochtlinen, sa't dy troch de Permaninte Kommisje Frysk yn it underwiis foarmulearre binne; b. ôfhinklik fan de reaksjes fan de ûnder a neamde ynstânsjes sa nedich yn twadde ynstânsje de meisizzenskipsrieden fan alle iepenbiere skoallen yn'e gemeente nei harren stânpunt te freegjen oangeande de maatrigels/rjochtlinen fan de P.K.F. 0023V 34

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 71