- 11 - Niet doorvoeren verhoging O.G.B. en afvalstoffenheffing. Een door onze fractie gemaakte herberekening biedt de moge lijkheid tot extra storting van 125.000,in algemene middelen, zodat voorgestelde verhogingen O.G.B. en afvalstof fenheffing achterwege kunnen blijven. Een meer gedetailleerd voorstel, dat u reeds hebt ontvangen, wenst de WD-fractie in stemming te brengen bij de behandeling van agendapunt 4, zijnde het college-voorstel aangaande een verhoging van ge noemde belastingen. Voorzitter, met de zojuist gemaakte opmerkingen, suggesties en voorstellen heeft de WD-fractie geprobeerd een constructieve bijdrage te leveren in het belang van alle burgers in BOARNSTER- HIM. De hear Van der Baan seit it folgjende: Foarsitter, de begrutting 1988 sjocht der net al te best út. Nei de febrewaris-yngreep dy't faaks mear jild koste hat dan op- brocht, is de oplossing der foar 1988 eins noch net. De sifers wize in tekoart oan en jouwe in byld dat de werklik- heid oersljochtet. Ik tsjut dan benammen op de "waarderingsver- liezen" fan 435.000,fan de jierrekken 1985 fan it grûn- bedriuw. Wy hiene leaver hân - sa't wy earjuster al sein hawwe yn'e riedsfergadering - dat dat ferlies yn 5 jier oan it grûnbedriuw betelle wurdt. Yn dat gefal wurdt it tekoart sa'n 1,5 ton. It kolleezje stelt út de ûnreplik guod belêsting met 1,5% te ferheegjen. Dat is neffens ús te min om de f er liezen út eardere jier ren te dekken. Yn de krapte sit totaal gjin romte. Dat is in nuodlike saak sjoen de ûnderfining fan krektlyn mei de jierrekken 1985. Wy hâlde ús de lea stikken hoe't it komme sil mei de jierrekkéns fan 1986 en 1987. De diskusje yn de 2e ôfdieling hat ús ûngerêst makke Wy freegje ús ôf mei hokker maatregels de befolking konfron- tearre wurde sil om it skip fan de klippen te reden. De tûken fan tsjinst sille harren budget skerp en sekuer yn it each hâlde moatte. In sitewaasje lykas yn 1985 is net aksepta- bel. De rie is doe foar in part bûtenspul set. It gasbedriuw hat yn 1986 in winstsifer hên fan 973.851,92. Yn sa'n sitewaas je is it min nei te kommen dat it taryf foar ierd- gasservcie om dizenige bedriuwsekonomyske reden ferhege wurde moatte soe. Moatte wy ús boargers finânsjeel noch mear klem sette? Wy sille oan dy ferheging net meiwurkje. By sokke winstsifers docht it frjemd oan dat de saneamde ûnren- dabele gebieten lykas Burstum en Goattum net oansletten binne op it gasnet. Is it kolleezje ree dat op koarte termyn te regeljen? De gemeente moat op syn iepenst wêze om sa'n deeglik mooglike eksploitaasje op te setten fan it grûnbedwiuw. Dêrom sille wy hoedener wêze moatte mei ekstra preemjes of leaver ferkapte subsydzjes dy't by eintsjebeslút troch de gewoane man betelle wurde moatte. 0026V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 13