- 12 - It liket ús ferstannich dat jim kolleezje alle oandacht oan it yndustrieterrein by Akkrum jout om sa de posysje fan it grûn- bedriuw te ferbetterjen. By de subsydzjeregeling âld papier snijt it mes oan twa kanten. De ferienings hawwe in garânsjepriis wylst wy as gemeente der net minder op wurde vanwege dat der minder tonnen ôfeart nei Ljouwert ferfierd wurde. Boppedat wurdt it skieden fan de ôffal by de boarne befoardere. Teloarstellend fine wy de haadstikken algemeen bestjoer by de begrutting. It kolleezje makket net al te dúdlik wat de plannen binne en wêr't de prioriteiten lizze. Wol wurdt sein dat der foarrang jûn wurde moat oan saken mar yn dat gefal hiene wy graach heard hokker dat dan wurde sille. De febrewaris-operaasje moat evaluearre wurde. Der kinne wy wol ynkomme. Wy ferwachtsje dat dan ek it belied Frysk in hegere prioriteit krijt en dat de linen nei de takomst op dat mêd dúd- lik yn in trochgeande opbou útset wurde. Ik kom der aanst op werom. Fanwegen in net sichtbre mar wol oanwêzige fersmoarging fan it miljeu sille de rioalearings sa gau mooglik oanpakt wurde moatte. Omdat de diken faak mei fersakje is soks de helte need- saakliker Dat by de realferkaveling de oanlis fan fytspaden en wegen troch oermacht net útfierd binne litte wy foar jim rekken. Wy bliuwe der by dat as jim yndertiid op'e slach past hiene it fytspaad Grou - Jirnsum der allang lein hie. It toerisme soe net fierder útboud wurde moatte as it ús eigen ynwenners tekoart dwaan soe. Dy hawwe foar in grut part belang by sobere, praktyske fersjennings. Soks past better by ús folks- aard en de ynkommens fan de gewoane trochsneed minsken. Dy hawwe it hjoed-de-dei dreech genôch om run te kommen. Wês dêrom hoeden mei djoere plannen. It ferbreedzjen fan de Tynje en in 3e jachthavenkolk sille, as wy net oppasse, de kosten foar ús bewenners opdriuwe en is soks no wier it earste dat barre moat? De gedachte oer it ferbreedzjen fan de Tynje op himsels sprekt ús net sa oan. Benammen omdat dat gjin diel útmakket fan in totaalplan dat de mooglikheden fan toerisme/wettersport fer- gruttet troch bygelyks in totale útwreiding fan it wetter-are- jaal. Dêryn soene dan de Burd en de Botmar nei foaren komme kinne. De plannen foar ferbettering fan de farwegen yn de Greidhoeke en it stimulearjen fan lytsskalige kampearaktiviteiten dêrre sprekt ús nammerstemear oan. It ûnderwiis wurdt hieltiten meer útklaaid. By dy striptease wurdt dan noch wakker praat oer soarchferbreding. Sa'n ferbân ropt nuvere gedachten op. Us steat ferwurdt ta in boekhâlderssteat. Derby wurdt, neffens ús, út it each ferlern dat alles wat yn it ûnderwiis stutsen wurdt in needsaaklike mar ek rendabele ynvestearring yn'e takomst is. As in steat it ûnderwiis fersleauket sil har dat yn'e takomst sûr opbrekke. 0026V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 14