- 13 - Fanwege de jildkrapte moat it kolleezje kieze wat wol, en wat net kin yn it kommende jier. Spitich is dat dat net dúdliker útwurke wurdt. Wol it kolleezje no al of net mear bouwe yn alle doarpen? Hokker prioriteiten stelle jimme by de doarpsfernijïng en it wolwêzen? By de febrewaris-operaasje is it mes fan de sjirurch útgliden en is de post Frysk skeind. Oars as by ferlykbere saken wie dy post eksplisyt oanjûn en begrutte op 40.000, Omdat dy post net strukturiel is, mar heechút foar sa'n trije jier jilde hoecht, sille wy útstelle dy post mei in ferlege bedrach fan 20.000,foar de kommende jierren op'e begrutting te setten. By dy ôfwaging is it goed te witten dat alle dagen wer 7 Friezen it ôflizze yn'e ûnbewuste striid mei it Hollânsk. Dat betsjut alle wiken likernoch 50 en alle jierren tusken de 2.000 en 3.000 minder Frysktaligen. Om de ofbraak fan de twadde rykstaal, dy't sa'n ryk kultuerbesit foarmet tefoaren te kommen, sille wy ús eigen ferantwurdlikens nimme moatte en dus maatregels nimme moatte. As wy dat neilitte binne wy mei mandelich oan it ferdwinen fan de Fryske taal en dêrmei ek fan it Fryske folk. Wy binne teloarsteld dat it kolleezje har net better ward hat doe't it gong om it tsjinkearen fan de útwreiding fan de boar- lokaasje oan de J.W. de Visserwei. It kolleezje hat har eardere úutspraak om net langer mei te wurkjen oan nije boarlokaasjes en de útrweiding dêrfan net wier makke. Hie dat al bard dan hiene wy in instrumint yn hannen om de oaljemaatskappijen ta iepening fan saken te twingen oer de mooglike gefolgen fan de gaswinning. It muoit ús dat it opnij fan allinne de FNP komme moast. Wy hiene fan it kolleezje mear ferwachte. Wy sille lykwols oanhalde as storein. It personielsbelied freget in soad oandacht. Wy hoopje dat de organisaasjemodellen fertûten dwaan sille en benammen dat de minsken seis har der wol by fine. Soks kin allinne mar as der goed en iepen mei elkoar omgien wurdt en de amtners harren goed fine kinne yn harren wurk. Yn in perioade fan reorganisaasje is soks in drege saak en der sil in soad takt en ynspiraasje fan de lieding frege wurde. De promoasje sil tuike oan moatte omdat it jild krap is mar ek omdat soks net alhiel in taak fan de gemeente hoecht te wezen. Dat de plannen fan in enerzjikoördinator op in sêft sin setten wurde liket ús ferstannich ta. De fierdere oankundige plannen wachtsje wy mei belangstelling of. Wy ferwachtsje net dat troch de fierdere sintralisaasje fan gemeentewurken der mear oan de wegen en grienfersjennings dien wurde kin. It wol ús net oan dat der aanst flugger en goedkeaper wurke wurde kin. It hinne en wer reizgjen fan materiaal en minsken kostet in soad ekstra tiid. Wol binne wy alle jierren wer wis fan de ynfestearringskosten fan de sintrale húsfêsting. Wy tinke dat in desintralisearre wurkwize goedkeaper en effisjinter wurket. 0026V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 15