- 14 - Wurkwize en plannen by de reiniging jouwe de oerstjûging dat der goed wurke wurdt. Hoe't Kringloop aanst yntegrearre wurdt wachtsje wy nijsgjirrich óf. Us eardere opfetting dat it goed trochdraaien it beste ûnder de wjokken fan de reinigingstsjinst kin soe wolris fan de hjoed- deiske praktyk út wei befêstige wurde kinne. De sektor wolwêzen sil yn 1988 ûnder noch swierdere druk komme. No't de middels fan it ryk yn'e takomst nei eigen ynsjoch bestege wurde kunne sil der in noch dúdliker fyzje frege wurde oer wat wol en wat net barre moat. Wy sil der om tinke moatte dat de âlderein goede oandacht hâldt en dat dy net op Jan Poeps plak bedarret. Dat de soargen fan de boargers mei in útkearing grut binne wurdt klear en dúdlik no't it saneamde "steun- en garantiefonds" fan 10.000,al opbrûkt is. Minsken dy't al lang sûnder wurk sitte, froulju dy't op harsels steane en bern hawwe en de alderein binne de earmoedsaaiers fan dizze tiid. Wy konstatearje dat yn dizze steat mear oandacht jûn wurdt oan kapitaalsopbouw as oan ynkommenssprieding. De boargers wurde feroardield om te hearren ta in ûnderlaach sûnder foarútsjoch. Yn de opmars fan de nije rykdom foarmje se in efterhoede dêr't net mear nei omsjoen wurdt. Wy ferwachtsje dat jim kolleezje de maksimale stipe oan dy boargers jaan sille. Wy soene jimme de suggestje jaan wolle om foar harren en harren bern it dielnimmen oan it ferieningslibben te befoarderjen troch finânsjele help by it beteljen fan kontribúsjes fan de fer- ienings sadat de sosjale kontakten yn alle gefallen bestean bliuwe. Dat de tallen wurkleazen troch de minne sitewaasje by CCF, Stork en Philips ek foar ús gemeente gefolgen hat stiet fêst. Stipe foar dy noardlike bedriuwen lykas by Fokker (500 miljoen), Philips (300 miljoen) en DSM (alle jieren 120 miljoen út de gas- winsten oant yn ivichheid amen) wurdt buten Fryslân as in rjocht beskôge mar jildt hjir foar de net-selsbewuste Friezen as in ûnfetsoenlike eask. Fryslân sil him seis réde moatte en dat kinne wy skoan. Wy sille dan selsbewust ús rjochtfeardige easken foar eigen ynkomsten út de gaswinsten en in stik autonomy op tafel lizze moatte Dat Douwe Keizer fan de Keamer fan Keaphannel yn Fryslân sta- dichoan meigiet yn dat tinkramt tsjut oan dat der beweging yn't spul komt. Dat geëamel oer dat earme Fryslân sa fier fan de Haachske Goden en sa ticht by de gaswinning moat út wêze. Fryslân sa fier fan de Haachske Goden en sa ticht by de gas winning hat gouden kansen en mooglikheden. Dy moatte wy gripe. Profyt fan de gaswinsten en ynvestearrings op allerhanne mêd fan de bio-technology (ûnderwiis, research, yndustry) kinne in nij perspektyf foar Fryslân biede. Soks sil ek Boarnsterhim ten goede komme By eintsjebeslút wol ik alle amtners en oaren tank sizze foar de meiwurking dy't hja my yn it ofrune jier joegen. 0026V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 16