- 26 - Hja besjocht de útspraak yn it oanbiedingsbrief as in goede earste stap ta it útwurkjen fan it kolleezje-wurkprogramn Vraag 28. Mefrou Faber fynt it bondeljen fan de ferskate saken in prima idee. It moat in útgongspunt wêze sa goed en effisjint mooglik te wurkjen. It komt der op oan, foar hoefier der finansjele romte is om dit oan te pakken. Hja komt der by de prioriteitenlist wol op werom. Hja ûnderskriuwt nochris it grutte belang fan tafersjoch. De voorzitter zegt als de raad dat wil, er extra geld voor beschikbaar moet worden gesteld. Vraag 31. De hear Nieuwdam fynt it fan belang, dat de evaluaasje gau plakfynt. Mefrou Faber foeget der oan ta, dat hja wit dat it om in tige folslein plan giet. De voorzitter zegt toe dat evaluatie in de loop van 1988 zal plaatsvinden. Vraag 37. De hear Nieuwdam freget him of, oft it kolleezje wol ûnderkent dat de regeling no net goed funksjonearret. Hy fynt it antwurd wat meager en hie mear tasizzings ferwachte. De voorzitter zegt dat de constatering van de heer Nieuwdam illustreert, dat een regeling, vanachter het bureau opgesteld, in de praktijk wel eens anders kan werken dan verwacht. Daar doet niet aan af, dat de regeling rechtskracht heeft en dat wij ook binnen de mogelijkheden die de Wet biedt, moeten werken. Daar staat tegenover, dat als er gezegd wordt dat het antwoord mager is, er ook geld beschikbaar moet komen. Als het college iets toezegt, wil het dat ook graag na kunnen komen, maar dan moet er wel iemand beschikbaar zijn die dat kan. Hij hoopt dat er binnen niet al te lange termijn een systeem kan worden bedacht, dat recht doet aan de rol van de raad bij de toepassing van artikel 19. De hear Nieuwdam seit dat der yn july 1986 al in foarset dien is troch de gemeente om in regeling te meitsjen. Dy regeling wurke yn praktyske sin net goed en doe is sein, dat der op werom kommen wurde soe. Hy hopet dat hy der by de begruttingsgearkomste fan takom jier net wer op werom komme hoecht. Mevrouw Aukes doet de suggestie, eendoorslag van de aanvragen in het leeskamertje ter inzage te leggen. Dat lijkt haar een simpele oplossing. De voorzitter vreest dat het minder eenvoudig is als mevrouw Aukes zegt, maar hij wil die suggestie wel meenemen. Vraag 38. De hear G. Bouma seit dat hy ynstimme kin mei de oplossing dy't it kolleezje keazen hat oangeande de twadde fase fan De Baai, en ferkeapje wetter, inkeld en allinnich omdat de sitewaasje sa is dat partikulieren eigen grûn oan it wetter grinsjend hawwe. Al hat ek dat in neidiel want hoe sjocht de damwand der oer 40 jier út? 0026V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 28