- 27 - Hy giet der net mei akkoard as der wetter ferkocht wurde soe oan iepenbiere wâl omt der dan in grins oergien wurdt dy't net te oan£urdigjen is. Ek is hy tsjin ferkeap fan wetter as it gebrûk fan in iepenbiere wâl dan net mear mooglik is. Dy sitewaasje docht him op dit stuit foar yn Grou. En hy ferwachtet net oars dan as de sitewaasje wer sa wurdt dat it gebrûk fan de iepen biere wal feilichsteld wurdt. De gemeente hat plannen om wetter te ferhieren. Op hokker wize is dat bygelyks yn Akkrum te réalisearjen, mei earderdiene útspraak yn'e achterholle. Wethâlder Breeuwsma tinkt ek dat it nuodlik wêze soe as iepen bier wetter oan in iepenbiere wâl oan partikulieren ferkocht wurde soe en dat is neffens him ek noch net bard. Der is wol wetter ferkocht, bygelyks by Oostergoo, mar dan lei dat wetter oan in eigen wâl. It punt fan wetter en it heffen fan rjochten soe hy ferskowe wolle nei de behanneling fan'e lisplakkenferoardering. De heer G. Bouma kin der wol mei ynstimme dat dy diskusje fierd wurdt by de úteinlike foarstellen oer it ferhier fan wetter. Hy hat it idee dat syn hint oer de sitewaasje yn Grou net oppakt is. Der is yndied oan partikulieren wâl ferkocht. It ferfelende is lykwols dat der bouwurken oprjochte binne sadanich dat iepenbere wâl net mear brûkt wurde kin. Hy wol dat dy sitewaasje feroaret sadat dy hoeke fan'e kade wer brûkt wurde kin. Wethêlder Breeuwsma seit dat hy dat sa gau mooglik neigean sil. De hear GBouma wit út neifraach dat er op it stuit al in petear geande is mei dy partikulier. Dat hoecht dus net mear sein te wurden. It giet him om it prinsipe dat yn dit gefal in grins oergien is dy't net talitber is. De voorzitter zegt dat het college al duidelijk heeft gemaakt zo'n situatie niet te willen hebben. Wethêlder Breeuwsma seit dat der net mei him oer praten is. It petear sil no noch wol op amtlik nivo hâlden wêze. Vraag 29. De hear Nieuwdam seit dat de skriftlike réaksje fan Pleatslik Belang al yn juny skreaun is. Spitichernôch wurdt der eltse begruttingsgearkomste oer nijbou yn Wergea praten mar komt it mar net safier dat it réalisearre wurdt. Yn febrewaris 1987 wie der in harksitting oer plannen. Hy hopet dat der foar febrewaris 1988 mear ljocht yn dizze saak komt. Wethâlder Breeuwsma tinkt dat der foar febrewaris 1988 meer dúdlikheid wêze sil. Vraag 40. De hear Van der Baan moat tajaan dat syn fraach net alhiel dúdlik wie. It giet him om de útfierig fan it grienbehear. Dêr is wol mis- begryp oer. Bygelyks oer hoe't it kin dat de roazen no in sêfte dea stjerre en mear fan soksoarte dingen. It soe in goede saak wêze der foarljochting oer te jaan. De voorzitter neemt kennis van de vraag. Over dit onderwerp zou eens in de afdeling gesproken moeten worden. 0026V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1988 | | pagina 29